Lêste bewenners ferlitte opfang WTC Ljouwert, grutste part werom nei Ter Apel

De alderlêste bewenners fan de needopfang yn it WTC yn Ljouwert binne fuort. It grutste part is werombrocht nei de opfang yn Ter Apel, wêr't it de fraach is oft der alle nachten in sliepplak foar se is.
Hjoed rint it hierkontrakt foar it brûken fan it WTC-gebou ôf, dêrom moat it pân oplevere wurde en wie der gjin plak mear foar de bewenners.
Boargemaster Sybrand Buma liet yn maaie witte dat er de hieroerienkomst tusken de gemeente en it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA) net ferlingje woe, fanwege de omstannichheden yn de hal. "We hebben allemaal pijn in ons buik", sei Buma doe.
Omrop LEO Middelsé wie by it fuortgean fan de lêste bewenners:
De measte bewenners hienen it WTC yn Ljouwert al ferlitten. Sa'n 200 binne nei in nije needopfang yn Ljouwert, yn Heliconstate. Op fersyk fan de ferhierder wenje dêr lykwols allinnich húshâldingen. Foar de oare bewenners fan it WTC moast in oar plak fûn wurde.
De lêste dagen wennen der noch sa'n njoggentich flechtlingen. Foar har wie lange tiid net dúdlik wêr't se nei ta brocht wurde soenen. Earder sieten se ek al yn it oanmeldsintrum yn Ter Apel, mar omdat dêr gjin plak mear wie, binne se nei Ljouwert brocht.
In lyts groepke senioaren út de Ljouwerter opfang is net nei Ter Apel ta brocht. Yn stee dêrfan geane se nei in opfang yn Deventer. Ien fan harren is de 60-jierrige Nachwan út Syrië. Hy sjocht út nei in nije stap, mar mocht ek wol oer Ljouwert. "Iedereen op straat lacht naar ons en heet ons welkom. Daarom hou ik van Leeuwarden. Ik weet niet of de nieuwe plek hetzelfde is, maar ik hoop het wel. Ik hoop het."