Sportcast: "Koerswiziging Hearrenfean soarget foar 'fris en aantrekkelijk' fuotbal"

Sportcast © Omrop Fryslân
De systeemwiksel by sc Hearrenfean hat fuortendaliks fertuten dien. Sportferslachjouwer Roelof de Vries seach sneon tsjin FC Utrecht 'de bêste helte fan it seizoen'.
Oant dit wykein begûnen de Feansters altyd yn in 5-3-2-formaasje. Mar dêr is trainer Kees van Wonderen nei it duel mei FC Volendam fan ferline wike fan ôfstapt. Doe neamde er syn ploech yn de earste helte 'echt heel slecht'.
Hoe oars wie dat ôfrûne sneon tsjin FC Utrecht. Der waard mei 2-1 ferlern, mar it spul wie goed. Dat foel ek op by Gert Kruys, FC Utrecht-folger en âld-trainer fan Cambuur. "Het spel van Heerenveen verraste mij in de eerste helft. Ik vond ze heel fris voetballen en bij fases heel aantrekkelijk."
Yn de Sportcast fan dizze wike giet it ûnder oare oer de systeemwiksel by sc Hearrenfean:
Neffens Roelof de Vries komme spilers ek better ta harren rjocht. "As Tahiri wat mear yn de kontrôle te spyljen komt, kin er struie mei passkes. Olsson komt wat mear yn syn krêft en Al Hajj is kreatyf. Se komme better oan 'e bal", seach de Hearrenfean-folger.
Ek sportferslachjouwer Andor Faber kin de switch fan systeem wol begripe. "Hearrenfean hat de ambysje om it Abe Lenstra Stadion fol te krijen. Dan is it moai om te sjen dat it yn sa'n earste wedstriid wat opsmyt. Gjin punten, mar wol in soarte fan tefredenheid by de supporters."
Trainer Kees van Wonderen makket in goeie yndruk op sportferslachjouwer Geert van Tuinen. "Om't er rêst útstrielt en in idee hat oer fuotbal. Hy is net benaud om saken te feroarjen as it net lekker rint. Ik fyn it prachtich."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.
Hearrenfean ferlear dus mei 2-1 fan FC Utrecht. Dochs wie der op It Hearrenfean ien man it ôfrûne wykein wol hiel bliid. Arjen van der Heide makke freed syn earste doelpunt yn it betelle fuotbal. De Feanster makke ôfrûne simmer de oerstap fan sc Hearrenfean nei Roda JC.
Hy moast wol wat dwaan om it doelpunt ek echt op syn namme te krijen. Van der Heide naam in hoekskop dy't fia in ferdigener yn de goal foel. De skiedsrjochter notearre it yn earste ynstânsje as in eigen doelpunt fan de ferdigener.

Primeur foar Arjen van der Heide

"Ik frege it him en doe sei er: it is in eigen doelpunt", fertelt Van der Heide, dy't yn it fjild de skiedsrjochter oanspruts. "Ik kom nei de wedstriid wol en dan sjogge we wol efkes, sei ik."
It die fertuten, want skiedsrjochter Alex Bos skreau it doelpunt úteinlik ta oan Van der Heide. En dat hat er ôfrûne sneon fierd, doe't er efkes werom wie op It Hearrenfean.
En as fuotballer weromkomme by de klup dêr't er hikke en tein is, soe dat nochris wat wêze? "Dat hoopje ik wol", jout Van der Heide ta.