Wolf makke yn septimber fiif skiep dea yn Fryslân

In wolf © ANP
Wolven ha yn septimber fiif skiep deamakke yn Fryslân. Alle fiif oanfallen wienen op 20 septimber yn Aldeberkeap. Dat meldt it buro BIJ12, dat de sifers moandei publisearre hat.
Der is ek in kealtsje deamakke troch in wolf yn Fryslân. Dat barde op 2 septimber yn Makkingea.
It tal oanfallen leit yn Fryslân in stik leger as yn Drinte. Dêr ha wolven yn septimber 28 skiep deamakke. Neffens wolvesaakkundigen rinne der yn Drinte in soad swalkwolven om: jonge bisten út Dútslân dy't noch in eigen territoarium sykje.

Net altyd fêst te stellen

Fan alle melde oanfallen oant ein septimber is mei DNA-testen fêststeld watfoar bist ferantwurdlik wie foar in oanfal. Sa wurde der ek wolris bisten deamakke troch hûnen en yn guon gefallen is net fêst te stellen om watfoar bist it gie.
De DNA-útslaggen fan de oanfallen yn oktober binne noch net bekend, mar it falt wol op dat der wer in soad meldingen út Drinte komme. Yn Fryslân is dizze moanne melding dien fan tsien deade bisten: njoggen skiep en ien ponny.

Mear oanfallen op plakken sûnder wyld

Provinsjale Steaten yn Fryslân ha ferline wike in moasje oannaam om it Ryk om mear mooglikheden te freegjen om de wolf oanpakke te kinnen. Uteinlik hinget dat fan Europeeske regels ôf. Ofsjitte mei net, omdat de wolf in beskerme bist is.
Yn it Drents-Friese Wold sit ien wolvepear mei welpen. Yn Gelderlân sitte der op syn minst fjouwer roedels fan wolvepearen mei jongen, mar dêr is folle minder skea. Wolve-eksperts sizze dat wolven allinnich fee oanfalle as se yn de bosken net genôch wyld fine kinne. Op de Feluwe is folle mear wyld.