COA en ûntwikkeler opfanglokaasje Ljouwert beskuldige fan achterkeammerkespolityk

In needopfanglokaasje fan it COA © ANP
Op 'e nij is in fersyk dien op de Wet open overheid oangeande de plannen foar in Regionale Opvanglocatie (ROL) yn Ljouwert. Dat seit de advokaat fan ien fan de omwenners.
De advokaat sprekt fan achterkeammerkespolityk fanwegen in yntinsje-oerienkomst tusken it COA en de projektûntwikkeler fan de ROL. Hy ferwiist nei koartlyn iepenbiere stikken út in earder Woo-fersyk, fan de gemeente Ljouwert.
Yn ien fan dy brieven stiet: "Ontwikkelaar en COA proberen daarom onderling tot een intentieovereenkomst te komen waarin de ontwikkelaar de zekerheid krijgt om in ieder geval een rol in Leeuwarden te realiseren."
Neffens de advokaat kinne de twa partijen dizze "eksklusive tasizzing" net fan tefoaren ôfprate, om't it foech fan de ried is. Hy wol dêrom presys witte wat de oerienkomst tusken it COA en projektûntwikkeler Zwanenburg is. Om dêr achter te kommen, seit er in Woo-fersyk yntsjinne te hawwen by it COA en it ministearje fan Definsje.

Underbrekken fan de gearkomste

De sin dêr't de advokaat nei ferwiist, kaam ôfrûne woansdei ek oan bod by in ynformaasjegearkomste oer de nije opfanglokaasje. De advokaat wie dêr oanwêzich en brocht de yntinsje-oerienkomst op it aljemint. Dat wie reden om de gearkomste koart te ûnderbrekken.
De gemeente Ljouwert wol 450 flechtlingen opfange op it terrein fan it eardere túnsintrum Tuin, oan de P.J. Troelstrawei. Omwenners en Definsje sprutsen harren soargen út oer de lokaasje: in opfang yn de buert fan in militêr fleanfjild soe traumatysk foar flechtlingen wêze kinne.
It stik oer de yntinsje-oerienkomst bliek ferbân te hâlden mei fertroulike stikken dêr't net oer praat wurde koe. Dat late ta fragen by in tal riedsleden, wêrnei't ôfpraat is dat de advokaat op in oar momint nei de ried komt om fragen ta te ljochtsjen.

Transparânsje

Yn in brief oan de gemeente lit de advokaat witte dat er de ried freget om ek in Woo-fersyk yn te tsjinjen. Dat moat der neffens him foar soargje dat der "eindelijk volledige transparantie komt" oer de plannen foar in ROL en "het college in bescherming neemt tegen het handelen van COA en Zwanenburg in gezamenlijkheid".
It COA koe moandei noch gjin reaksje jaan.
Yn it asylsysteem binne der meardere typen opfanglokaasjes. Op in regionale opfanglokaasje (ROL) kinne statushâlders en asylsikers mei in kânsrike asyloanfraach in start meitsje mei har yntegraasje. De opfanglokaasje is ferbûn oan meardere gemeenten yn de regio, dêr't de statushâlders úteinlik in hûs krije.