Nije doldeadline funest foar patatierappels: "Ik lis der wolris wekker fan"

Ierappels © Shutterstock.com (Kitreel)
Nije Europeeske regels foar de wetterkwaliteit bringe Fryske ierappelboeren op de sângrûn yn grutte problemen. De konsekwinsje is dat alle ierappels foar 1 oktober fan it lân wêze moatte, wylst de ierappels dan noch net útripe binne.
Benammen de ierappels dy't ferwurke wurde ta patat binne dan noch net sa fier. "Dêr kinst dan gjin patat fan bakke", seit Anne Graafstra, ierappelboer by Appelskea. "Dy ierappels binne dan fierstente wetterich. En ek net grut genôch, dus je kinne der neat mei."
Want al soe er syn ierappels wol foar 1 oktober dolle, it patatfabryk yn Easterbierrum kin der dan neat mei. "Dy kin se dan net ferwurkje."
Dat is dus funest foar de patat. "Dit sil fan ynfloed wêze op de foarsjenning fan it patatfabryk. Foaral yn dizze perioade komme der in soad ierappels fan de sângrûn, by ús wei dus."

Gjin útsûndering foar patatierappels

De bedoeling fan de nije Europeeske regels is dat der minder nitraat út keunstdong yn de sleat telâne komt. De gedachte is dat der nei 1 oktober noch in 'grienbemester' plante wurde kin. Dy nimt dan de keunstdong op, dy't noch yn de grûn oerbleaun is. En dy keunstdong bedarret dan dus net yn de sleat.
It ministearje fan Lânbou hat no in list bekend makke fan gewaaksen dy't nei 1 oktober noch ferboud wurde meie. Foar boeren mei sûkerbiten bestiet in útsûndering, mar foar boeren mei patatierappels op dit stuit noch net. Reden foar grutte soarch, by de bouboeren op de sângrûn. En dus ek by Graafstra.
Patat © Shutterstock.com (aperturesound)
"It hat hiel wat gefolgen", seit er. "Wat moatte we no? De regeljouwing wurdt ek nochris hiel let bekend makke. We binne dwaande mei de plannen foar kommend jier, mar we witte noch hieltyd net goed wêr't we oan ta binne. Ik lis der wolris in nacht wekker fan."
Lânbouminister Piet Adema hat oanjûn dat er yn it earste jier soepel mei de datum fan 1 oktober omgean wol, omdat boeren der net op tiid op antisipearje kinne.
1 oktober is gewoan net helber.
Anne Graafstra
Foar Graafstra bliuwt de fraach hoe't it yn de takomst moat. Wat oars fan de ierappels meitsje as patat? "Dan soe it feefoer wurde moatte, mar dêr wurde je kwa opbringst ek net bliid fan. Dêr kin ik net mear fan buorkje."
In fêste eindatum foar it ferbouwen fan gewaaksen is sawiesa gjin goed idee, leit Graafstra út. "Op himsels is der hielendal neat mis mei sa'n grienbemester. Dy soarget ek foar organyske stof. Mar we ha yn ús wurk altyd te krijen mei de natuer, dy bepaalt in hiel soad. Ha we in lette maitiid, dan komme we pas let oan it dollen fan de ierappels ta. 1 oktober is gewoan net helber."
Graafstra wit net goed wat er no moat. Ophâlde wol er net oan tinke. "In boer wol altyd troch. Mar trochgean mei dizze regels is net helber."

Bewust op patatierappels oerstapt

Oergean op in oar soart ierappels is neffens him ek in utopy. "Al soenen se nije rassen meitsje kinne dy't foar 1 oktober klear wêze soenen, dan binne je al gau tsien jier fierder. En poatierappels binne earder wol ferboud yn dizze hoeke, mar de fraach wie nihyl. Dêrom binne we oerskeakele op patatierappels."
Minister Piet Adema fan Lânbou © ANP
Hy hat syn hoop fêstige op Piet Adema, de nije minister fan Lânbou. "Je freegje je wolris ôf oft der minsken yn Den Haag sitte mei boereferstân. Oft se ek regels betinke kinne dy't út te fieren binne. Mar der wurdt genôch lobbyd, ik hoopje dat ús minister ta in omkear komt."