Rijpma-de Jong en Groenewoud pakke WB-ticket op 3.000; Kok, Fledderus en De Jong op 500 meter

Antoinette Rijpma-de Jong en Marijke Groenewoud hawwe harren sneontemiddei op de 3.000 meter yn Thialf op 'e nij fersekere fan in wrâldbekerticket. Op de 500 meter pleatsten Femke Kok, Marrit Fledderus en Michelle de Jong harren foar it ynternasjonale sirkwy.
Op freed pakten Rijpma-de Jong en Groenewoud op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai ek al in ticket foar de wrâldbekers op de 1.500 meter.
Teloarstelling foar Anema
De oerwinning op de 3.000 meter gie nei olympysk kampioene Irene Schouten yn in tiid fan 3.59,21. Se wûn yn in streekrjocht duel fan Rijpma-de Jong, dy't twadde waard mei 4.00,13.
Groenewoud ferbettere har persoanlik rekôr mei hast sân sekonden (4.02,72) en waard dêrmei tredde.
De lêste rûntsjes op de 3.000 wienen dreech, seit Antoinette Rijpma-De Jong
Reina Anema, dy't freed op de 1.500 meter noch wol yn de top fiif einige, waard no teloarstellend sânde yn 4.08,21. Joy Beune en Merel Conijn pleatsten harren wol foar de wrâldbekers.
Myrthe de Boer fan Skarsterbrêge kaam net yn de buert fan de startplakken foar de wrâldbekers. Se waard santjinde yn 4.14,78.
Utslach 3.000 meter
1. Irene Schouten | 3.59,21 |
2. Antoinette Rijpma-de Jong | 4.00,13 |
3. Marijke Groenewoud | 4.02,72 (PR) |
4. Joy Beune | 4.03,97 |
5. Merel Conijn | 4.06,51 |
7. Reina Anema | 4.08,21 |
17. Myrthe de Boer | 4.14,78 (PR) |
By de froulju stie sneontemiddei ek de 500 meter op it programma. Foar de kwalifikaasje foar de wrâldbekers waard dêrby sjoen nei de fiif fluchste tiden nei twa omlopen.
Marrit Fledderus sette de earste omloop op har namme yn in nij persoanlik rekôr fan 37,68. Dêrmei wie se twa hûndertsten rapper as Femke Kok. Michelle de Jong stie nei de earste 500 meter op it fjirde plak (38,17).
Gjin Fryske oerwinning
It wie úteinlik lykwols net in Friezinne dy't wûn yn Thialf. Jutta Leerdam sette yn de twadde omloop 37,57 del en wie dêrmei de fluchste fan de dei. Kok ferbettere harsels noch wol nei 37,61 en waard twadde.
Femke Kok: "Ik ried de earste 500 meter gewoan te soft"
De Jong wie ek in stik rapper yn har twadde sprintrace. Se ferbettere har persoanlik rekôr nei 37,88. Dat wie genôch foar in ticket. Fledderus wie krekt wat stadiger as yn de earste omloop, mar har earste tiid wie genôch foar in ticket.
De top fiif waard kompleet makke troch Dione Voskamp mei 37,99.
De Friezinnen Jildou Hoekstra, Helga Drost, Anna Boersma, Amber Duizendstraal en Henny de Vries einigen bûten de wrâldbekerstartplakken.
Fluchste tiden op de 500 meter
1. Jutta Leerdam | 37,57 |
2. Femke Kok | 37,61 |
3. Marrit Fledderus | 37,68 (PR) |
4. Michelle de Jong | 37,88 (PR) |
5. Dione Voskamp | 37,99 |