Waarmste 29 oktober oait metten yn Fryslân: alfde waarmterekôr fan it jier

Hjerstbosk © ANP
Sûnt it KNMI yn Ljouwert de temperatueren mjit, hat it op 29 oktober noch noait sa waarm west as hjoed. It maksimum fan hjoed is 19,2 graden. Oant hjoed wie it rekôr 17,4 graden, metten yn 2005.
It KNMI mjit de temperatueren yn Ljouwert sûnt 1950. Lanlik hat it op 29 oktober ek noch noait sa waarm west as hjoed.
It is de alfde kear dit jier dat op it waarstasjon yn Ljouwert in datum-waarmterekôr brutsen wurdt. De lêste kear wie op 4 septimber. Der is dit jier ien kjeldrekôr brutsen, dat wie op 9 maaie.
Foar snein wurde der yn Fryslân op 'e nij maksimumtemperatueren fan sa'n 18 graden foarsein.