Panykfuotbal yn automerk: "It is wat forsearre, mar transysje spilet al langer"

Johan Tuinstra © Omrop Fryslân
De ferkeap fan elektryske en hybride auto's rint as in tierelier. Dat hat krijen mei it beslút dat der nei 2035 gjin auto's op disel en benzine mear ferkocht wurde meie. It is wol in bytsje panykfuotbal, tinkt ferkeaper Johan Tuinstra.
It wie efkes twa kear knipperjen mei de eagen: mei in nije deal yn it Europeesk parlemint komme der nei 2035 gjin nije auto's en bestelwagens mear dy't op disel en benzine ride. It moat klimaatfreonliker wurde. It beslút is in grutte triuw yn 'e rêch fan de produsinten.
Panykfuotbal yn de automerk: nei 2035 gjin disel- en benzineweinen mear
Autobedriuw Synyco yn Frentsjer krige yn ien wike 17 diselauto's werom en dat is in soad foar it bedriuw. "Moandei hawwe we fjouwer diselauto's werom krigen, tiisdei en woansdei ek fjouwer, juster wiene dat sels fiif", seit Johan Tuinstra.

It is de drip

De ferkeaper skat yn dat sa'n ien op de trije neitinkt oer hybride of elektrysk. It nijs oer de hege brânstofprizen en it Europeeske beslút is foar guon wol de drip dêr't de amer fan oerrint.
"Ik tink dat der ek wol wat panyk spilet, troch de berjochtjouwing oer de disels en dat de disel eventueel op rekket", leit Tuinstra út. Dy panyk is neffens him net hielendal terjochte.
"Wy hawwe twa tankstasjons en de disel rekket echt net op. Der is genôch opslach en der wurdt goed produsearre. Allinne dat it lestiger wurdt is wol dúdlik."

Gerêststelle

It bedriuw besiket de klanten wol gerêst te stellen. "Wy ruilje har disel graach yn en dy is ek echt noch wol wat wurdich. Bûten Europa wolle sy echt noch wol in auto hawwe mei 180- of 200.000 kilometers. Dêr rydt sa'n auto noch fleurich fierder."
It beslút yn Europa is miskien wat forsearre, seit Tuinstra, mar de transysje is al folle langer dwaande. "Der wurdt bot ynvestearre yn de ynfrastruktuer, benammen yn de laadfoarsjenningen. Al leit der noch wol in útdaging foar it thús laden, want it stroomnet is noch problematysk."