Ein oktober 20 graden: 'Utsûnderlik, mar noch gjin negative effekten foar natuer'

Bloeiende parrebeam op 28 oktober © Theo Jansma, De Kruidhof
Kij rinne noch yn it lân, beammen stean noch fol yn it blêd en dit wykein moatte wy rekken halde mei temperatueren dy't oprinne kinne oant boppe de 20 graden. Rekket de natuer fan slach?
Boskwachter Sander Veenstra fan Natuermonuminten sjocht hoe't de abnormaal waarme hjerst útpakt yn de natuer. Hy wurket yn Súdwest-Fryslân. Under oare de bosken fan Gaasterlân hearre ta syn wurkgebiet. Globaal sjoen binne der op it earste each net folle ferskillen mei oare jierren. "It is krekt as yn de oare hjersttiden, allinnich bliuwe de blêden wat langer oan de beammen."

Ynsekten

Dochs binne der wol lytse ferskillen. Veenstra: "Ynsekten lykas wespen en libellen bliuwe langer aktyf. Libellen binne fleisiters: se ite oare ynsekten. Dy binne der no ek noch. Boppedat waarmje libellen op troch de sinne en dy is der no ek noch folop. As it mistich wurdt of reint, of as it grizich waar is, is it gau dien mei de libellen."
Sander Veenstra © Omrop Fryslân
In oar opfallend ding is dat it gers ek noch altyd groeit, fertelt Veenstra. Op guon plakken yn greidegebieten lit Natuermonuminten it gers beweidzje troch boeren dy't kij hawwe. Op oare plakken wurdt it gers meand. As it langer waarm bliuwt, moat Natuermonuminten ek faker meane en as dat op de lange termyn faker needsaaklik is, betsjut dat hegere kosten foar de natuerorganisaasje.

'Gean de bosken yn'

Veenstra riedt minsken oan om dizze dagen dochs foaral de bosken yn te gean, want dy binne no op harren moaist.
Yn de nacht fan sneon op snein giet de wintertiid yn. Bisten binne wend dat auto's ride op bepaalde tiden. It is goed dêr rekken mei te hâlden, seit Veenstra. Safolle mooglik de âlde (simmer)tiden oanhâlde is syn advys.
Neffens de yn Balk wenjende NOS-waarman Gerrit Hiemstra past it waarme waar fan no yn de trend dy't al jierren sichtbêr is: de ierde waarmet op. Der binne mear waarmterekôrs en der sille ek mear folgje. Kjeldrekôrs binne der net mear en dy komme der ek amper mear, sa ferwachtet Hiemstra.

Waarmterekôr 20,7 graden

It waarmterekôr foar ein oktober yn Ljouwert stiet op 20,7 graden. Dat is fêststeld op 20 oktober 2013. It is de fraach oft we dat dit jier helje, mar we sitte der wol tichtby, seit Hiemstra.
Gerrit Hiemstra © Walter Kallenbach
"Tongersdei wie it yn Ljouwert 17,7 graden. Foar it wykein wurdt noch mear waarme lucht ferwachte en gean we rjochting de 19 graden, dus tichterby in waarmterekôr."

Opwaarming op langere termyn

It KNMI hâldt alle waargegevens by op in 'klimaatdashboard'. Dêr is goed de opgeande line te sjen fan de hieltyd heger wurdende temperatueren, al binne der yn guon jierren ek wol útsjitters nei ûnderen en nei boppen.
Foar Noard-Nederlân soe it dit jier yn trochsneed yn de hjerst 11,6 graden wêze. De ferwachte temperatuer leit lykwols 0,4 graad heger: 12 graden.
We moatte minder CO2 útstjitte © ANP
Oer de oarsaak fan de opwaarming fan de ierde slút Hiemstra him oan by de hearskjende miening yn de wittenskip. It komt trochdat de minske fossile brânstof brûkt. "Wy binne it sels."
"We moatte minder gas, oalje en kerosine brûke. En by houtstook moatte der gauwer en mear beammen foar de delhelle eksimplaren weromplante wurde. By it stoken fan hout is der útstjit fan CO2. As beammen groeie, helje se CO2 út de loft, mar it duorret wol jierren foardat in beam wer grut genôch is."

Utfiering

It probleem is bekend en de oplossings ek. No komt it op de útfiering oan, neffens Hiemstra. Folle mear ynsette op sinne- en wynenerzjy. En CO2-útstjit redusearje troch bygelyks by it bouwen materialen te brûken lykas hout, himp, flaaks of bollepysten as isolaasjemiddel.
Boskwachter Henk-Jan van der Veen fan Steatsboskbehear © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Boskwachter Henk-Jan van der Veen fan Steatsboskbehear seit dat in pear te waarme dagen foar de tiid fan it jier gjin desatreuze gefolgen hawwe foar de natuer. Feroaringen komme der pas oer langere perioaden en dan kinne mear dingen fan ynfloed wêze.
Dit jier spilet de tige drûge simmer ek mei. Dêrtroch stiet it wetterpeil noch altyd leech en dat hat ek ynfloed op de natuer.
Dat het nu zo warm is, is uitzonderlijk. We zien echter nog geen nadelige effecten voor de natuur.
Boskwachter Henk-Jan van der Veen, Steatsboskbehear
Hokker gefolgen hat de waarmte foar de natuer
De ûngewoane hjerstwaarmte fan in pear dagen fan no sjocht Van der Veen noch net weromkommen yn grutte feroarings yn de natuer. "Dat het nu vier opeenvolgende dagen zo warm is, is uitzonderlijk. We zien echter nog geen nadelige effecten voor de natuur." De dieren en planten wurde der net minder fan, se bliuwe allinnich wat langer aktyf, seit Van der Veen.
De boskwachter sjocht wol dat guon fûgels nei it noarden opskowe. Fierders is de swellesturtflinter, dy't eartiids inkeld yn Limboarch foarkaam, ek al folle noardliker sinjalearre.