Europeeske deal mei ûnderhanneler Huitema bringt ein oan benzine- en diselauto’s tichterby

Jan Huitema © ANP
VVD-Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea hat in akkoart berikt mei Eurokommissaris Frans Timmermans en de 27 lidsteaten oer it op termyn ôfskaffen fan auto's mei in benzine- of diselmotor.
Mei yngong fan 2035 meie auto's mei in benzine- of diselmotor net mear ferkocht of ymportearre wurde. Elektrysk autoride sil dêrom de kommende jierren in stik goedkeaper wurde, ferwachtet Huitema. Hy wie ûnderhanneler foar it parlemint by it neffens saakkundigen histoaryske akkoart.
De ynset fan Huitema by de ûnderhannelingen wie dat autoride yn 'e takomst mooglik bliuwe moat foar minsken op it plattelân mei in modaal ynkommen. "Mei dizze wetjouwing twinge wy de autofabrikanten dat net allinne it djoere segmint elektrysk wurdt, mar eins alle modellen", sa seit Huitema.
De ferwachting is ek dat in elektryske auto goedkeaper wurdt as in disel- of benzine-auto.
Jan Huitema
Mei dizze stap wurdt der nei alle gedachten ek mear ynnovaasje en jild yn elektryske auto's stutsen. "Dêrmei soargje wy der ek foar dat de oanskafpriis nei ûnderen giet. De ferwachting is ek dat in elektryske auto goedkeaper wurdt as in disel- of benzine-auto."
De transysje nei in skjinner ferfier is folop dwaande, tinkt Huitema. Mar ek de oarloch yn Oekraïne is in grutte triuw yn 'e rêch. "Minsken wolle fan fossile brânstoffen ôf. It wurdt djoerder en minsken sykje nei alternativen."
Europeeske deal mei ûnderhanneler Huitema bringt ein oan benzine- en diselauto’s tichterby
Eurokommissaris Timmermans is ek bliid, want de autodeal fan Jan Huitema is in grutte bydrage oan de Europeeske ambysje om de CO2-útstjit yn Europa mei 55 persint te beheinen. Mar de manlju hawwe net tegearre in feestje boud. "Ik haw him in hân jûn, wy hawwe efkes praat. Mar ik bin ek betiid op bêd gien. Ik wie sa wurch", seit Huitema.

Utsûnderingen

De autodeal betsjut net der hielendal net mear riden wurde wei mei benzine- en diselauto's. Der wurdt in útsûndering makke foar de Formule 1 en ek oldtimers meie noch de dyk op mei in âlderwetske benzine- of diselmotor.
Foar trekkers en frachtweinen is it noch in stik dreger om nei elektrysk oer te stappen, om't dy mear fermogen hawwe moatte. "Der stiet yn de kranten dat der in tekoart is oan disel. As no de persoane-auto's goed op elektrisiteit ride kinne, sparje wy disel út foar frachtweinen en trekkers."

Oplossing stikstofprobleem?

Huitema sjocht noch mear foardielen: "As yn Europa allinnich noch mar skjinne auto's en bestelbuskes omride, is dat ek in wichtige bydrage oan it oplossen fan it stikstofprobleem."
De ûnderhannelingen achter sletten doarren tusken it parlemint, de Europeeske Kommisje en de lidsteaten oer de autodeal ferrûnen makliker as Huitema sels ferwachte hie. Neffens Huitema komt dat omdat de measte autofabriken harren al dellein hiene by de oergong nei elektryske auto's.

Ferset BMW

"Allinnich BMW hat him oant it lêst ta ferset", seit de VVD'er. "Sy eksportearje in soad benzine- en diselmotors nei lannen bûten Europa. Mar Volkswagen is al folop oan de gong mei de transysje. Dit akkoart jout de autoyndustry ek dúdlikheid."
Autoride op it plattelân moat wol mooglik bliuwe, seit Jan Huitema