Hoe gefaarlik is it Skûtegat by Skylge? De farregels op in rychje

Lennard Geerts © Omrop Fryslân
Sûnt de fatale oanfarring tusken de snelboat Tiger en wettertaksy Stormloper ôfrûne freed, klinkt de fraach wêrom't it yn it Skûtegat sa ferskriklik misgean koe. Hoe gefaarlik is dat spesifike stik see krekt ûnder Skylge? Ferslachjouwer Lennard Geerts socht it út by Rykswettersteat en leit it no út.
Geerts is hikke en tein op Skylge en die ôfrûne freed as earste ferslach fan it deadlik ûngelok. As ferslachjouwer is er boppedat al jierren bekend mei alle ynstânsjes, bedriuwen en rederijen dy't op en om de Waadsee aktyf binne.
Watfoar fargeul is it Skûtegat?
It Skûtegat is in fargeul flak by it eilân Skylge. It makket gjin diel út fan de haadfarwegen yn it Waadgebiet en is dus bestimpele as njonkenfarwetter. It Skûtegat is in geul dy't op guon plakken breed is, mar op oare plakken smel tusken de sânplaten. It is gjin rjochte geul, der sitte in oantal lichte bochten yn.
Passearjende fearboaten yn it Skûtegat © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Wat is it ferskil tusken in haadfarwei en in njonkenfarwei?
De haadfarwegen yn de Waadsee binne bestimd foar de fearferbiningen nei de Waadeilannen en wurde troch Rykswettersteat aktyf ûnderhâlden. Dat wol sizze dat se de geul mei baggerskippen op djipte hâlde.
Yn de haadfarwegen meie skippen 'hurdfarre'. Dat is hurder as 20 kilometer yn 'e oere. Alle skippen meie fan sinne-opkomst oant sinneûndergong hurdfarre, mar yn it tsjuster is dat ferbean. Ek yn de haadfarrûtes.
In tal bedriuwen en ynstânsjes hat dêr útsûndering op oanfrege. Tink hjirby oan de KNRM, de plysje, Rykswettersteat sels en oare helptsjinsten. Ek Rederij Doeksen hat in ûntheffing om yn de haadfarrûtes yn it tsjuster hurdfarre te meien mei de fearboaten.
De ferdieling tusken haadfarwei en njonkenfarwei hat ek te krijen mei de Natura2000-gebietsstatus fan it Waad.
Sânbanken by it Skûtegat © Omrop Fryslân
Op hokker plak yn it Skûtegat barde it ûngelok?
Dat wie by boei nûmer 10, yn in bocht op in smel stikje. It Skûtegat leit tusken meardere sânbanken. Dy sânbanken ferpleatse relatyf fluch. Troch streaming en hurde wyn kin it soms yn in moanne tiid aardich feroarje. De betonning moat dan ek ferlein wurde.
De ôfrûne trije jier is it Skûtegat hieltyd fierder iepengien. Neidat de geul yn it ferline in soad brûkt waard, slike it de ôfrûne desennia gau ticht. De lêste jierren giet it wer de goede kant út, al bliuwe guon stikken tusken de sânbanken troch tige smel.
Hoe hurd mei der fearn wurde yn it Skûtegat?
It saneamde hurdfarren mei inkeld yn de haadfarrûtes, dus net yn it Skûtegat. Dêr jildt altyd in maksimale snelheid fan 20 kilometer yn 'e oere, sawol by deiljocht as yn it tsjuster. Dat komt ek omdat it giet om in Natura2000-gebiet. Hurdfarre kin net samar oeral.
Jildt dat dan ek foar de snelboat fan Rederij Doeksen?
Ja. Neffens Rykswettersteat mei yn njonkenfarwetter net hurder fearn wurde as 20 kilometer yn 'e oere. Dêrfoar wurde gjin útsûnderingen makke, ek net foar de fearboaten. De ûntheffing dy't Doeksen hat, jildt inkeld foar it hurdfarren yn haadfarwetter yn it tsjuster. Net foar njonkenfarwetter lykas it Skûtegat.
Der mei yn it tsjuster troch it Skûtegat fearn wurde, mar in skip moat dan goede ferljochting hawwe.
Lennard Geerts
Doeksen en de gemeente Skylge seinen earder yn oktober dat se ferljochte boeien hawwe wolle yn it Skûtegat. Wêrom?
De ferljochte boeien kinne der neffens Doeksen en de gemeente foar soargje dat der ek yn it tsjuster feilich gebrûk makke wurde kin fan it Skûtegat. De kapiteins op de fearboaten hawwe dan in tal ljochtpuntsjes op de rûte as oriïntaasjepunten.
Troch it Skûtegat te brûken is de rûte fan en nei Skylge koarter en kin der brânstof besparre wurde. Brânstof dy't op dit stuit, fanwege de brânstofkrisis, hiel djoer is.
Der mei yn it tsjuster troch it Skûtegat fearn wurde, mar in skip moat dan goede ferljochting hawwe. In topljocht, in reade lampe oan bakboard en in griene lampe oan stjoerboard.
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Waard mei dizze fraach om ferljochting ek de fraach steld om fan it Skûtegat haadfarwetter te meitsjen?
Nee, neffens Rykswettersteat waard dat der net by frege. De kâns dat dat barre soe, is ek hiel lyts. In haadfarwetter moat troch Rykswettersteat op djipte hâlden wurde. Dat is djoer en in soad wurk.
Hoe stiet it no mei dizze oanfraach?
Rykswettersteat jout oan dat de oanfraach noch hieltyd yn behanneling is. It ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok tusken de Tiger en de Stormloper hat hjir gjin ynfloed op. Se moatte sjen of mei ferljochting op de boeien ek oare regels ûntstean foar it gebrûk fan de fargeul. Nearne oars is njonkenfarwetter nammentlik ferljochte. Dizze oanfraach is dus unyk en wurdt soarchfâldich behannele.
Lennard Geerts is ferslachjouwer by Omroep Zilt en Omrop Fryslân. Hy hâldt Noardwest-Fryslân yn de gaten. In soad fan syn ferslaggen geane oer Skylge en de Waadsee.