Sinnepark by Dokkum mei 32.000 panielen yn gebrûk naam

Boargemaster Johannes Kramer en direkteur Peter Paul Weeda fan GroenLeven slute it sinnepark symboalysk oan © RTV NOF, Ben de Jager / GroenLeven
Yn Dokkum is woansdei in nij sinnepark yn gebrûk naam. Mei de opwekte stroom kin it park 80 prosint fan it tal húshâldens yn Dokkum foarsjen. Mar de elektrisiteit giet it algemiene net op, dus is it ûnbekend oft it yn Dokkum bliuwt.
It nije sinnepark by Dokkum bestiet út 32.000 panielen. Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân en Peter Paul Weeda fan it bedriuw Groenleven dat it park oanlein hat, sleaten woansdei it park 'offisjeel' oan op it net.
It park is yn sawat trije moanne tiid opboud. De faze rjochting de bou duorre lang. Uteinlik kaam der grien ljocht en waarden de fergunningen ôfjûn.
Boargemaster Kramer ferwachtet dat der mear fan dit soart inisjativen komme no't de enerzjykrisis oanhâldt. "De polityk moat in ôfwaging meitsje, oft dy der komme en wêr't se dan komme. Dat dy diskusje der komt, bin ik fan oertsjûge."
It nije sinnepark by Dokkum © RTV NOF, Ben de Jager / GroenLeven

Lytser park

Njonken it grutte sinnepark, is der ek in lytser park oanlein by Dokkum. Dat is bedoeld foar de pleatslike ûndernimmers. Se sitte yn in koöperaasje en hawwe mei-inoar it sinnepark opset om yn de eigen elektrisiteit foarsjen te kinnen.