"It skriuwen sit yn my bebakt", mar Geart Tigchelaar is ta oan wat oars

Geart Tigchelaar (1987) skriuwt romans, gedichten en makket oersettingen. Syn nijste projekt is de oersetting Hear fan 'e miggen nei it Ingelske boek Lord of the flies fan William Golding. Oer it Frysk, skriuwen, muzyk, fytsen, miljeu, Denemarken en syn streekdichterskip praat er yn Noardewyn.
"It oersetten wie wol in drege put", fertelt de yn Damwâld opgroeide Geart Tigchelaar. Hy hat der, al mei al, twa jier mei dwaande west. It idee foar de oersetting kaam by himsels wei. "Ik ha gelokkich in útjouwerij -Hispel - dy't entûsjast oer myn wurk is. It boek út 1954 is my altyd bybleaun nei't ik it op de middelbere skoalle lêzen hie. It is in bysûnder en ek spannend ferhaal, mei meardere lagen. Der is genôch yn te ûntdekken."
It boek Hear fan 'e miggen wurdt sneon 29 oktober presintearre yn paviljoen MeM yn Bûtenpost.
It giet oer in groep skoaljonges dy't nei it delstoarten fan in fleantúch op in ûnbewenne eilân yn de Stille Oseaan bedarret. Sûnder folwoeksenen moatte se it sjen te roaien en dan docht al gau bliken dat it fernislaachje fan 'e beskaving tin is.
Ik kom út in frysksinnich fermidden en ha ek Frysk op skoalle hân.
Geart Tigchelaar oer syn leafde foar de Fryske taal
Hy makke de oersetting út it Ingelsk wei. "Fansels ha ik it earst wer ris in kear goed lêzen en dan begjin ik gewoan. Soms binne der saken dêr'tst earst net útkomst, dan set ik der in opmerking by, en pak ik dat letter op. Of komst it letter tsjin en dan tinkst 'miskien moat ik it sa dwaan'."
Bytiden kaam er der net rjocht út en pakte er de Nederlânkse en sels de Dútske oersetting derby. "Dêr sieten ek wolris ferskillen yn en dan is de útdaging wat ik kies."

Frysksinnich fermidden

Nei de middelbere skoalle yn Dokkum, gie er nei de pabo. "Heit wie ek skoalmaster, dat like my moai om te dwaan, mar nei in jier op de pabo kaam ik derachter dat foar de klasse stean net myn ding wie." Mei syn propedeuse op it hbo koe er nei de universiteit yn Grins, dêr't er foar de stúdzje Fryske taal en kultuer keas. "Ik kom út in frysksinnich fermidden en ha ek Frysk op skoalle hân. Thús hienen we de Fryske klassikers as Rink van der Velde yn de kast te stean."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1 op 1 petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Yn syn studintetiid begûn er mei it skriuwen. Yn 2011 ferskynde syn (ûnder eigen namme) proazadebút Lúshâlding en yn 2016 debutearre as dichter mei leech hert yn nij jek dêr't er de Douwe Tammingapriis (foar it bêste debút) foar krige. Syn earste oersetting, Erik of it lyts ynsekteboek, út 2016 waard bekroand mei de Obe Postmapriis as bêste oersetting.
Neist syn nijste oersetting hat er yn de lêste twa jier net stilsitten: twa jier lyn kaam de bondel Ommers mei proazagedichten út en ferline jier de roman Om. It giet him om it skriuwen as keunstfoarm te bedriuwen, mar yn it wurk lit er ek wat fan himsels sjen.
Ek is er as Streekdichter yn Noardeast-Fryslân aktyf.
Meastentiids krij ik hiele leuke reaksjes, mar by min waar ha minsken gjin nocht om stil te stean.
Geart Tigchelaar oer syn wurk as Streekdichter
"Sûnt ferline jier bin ik Streekdichter en skriuw ik gedichten yn opdracht foar bepaalde gelegenheden." Ien fan syn doelen is om de poëzy op leechdrompelige wize op strjitte sichtber te meitsjen. Dat docht er troch mei in sandwichboerd mei dêrop in gedicht op bygelyks in merk te stean.
"Ik hie dat sjoen by de stedsdichter fan Antwerpen, sa berikst in breed publyk. It kin in gedicht fan mysels wêze of fan ien út de gemeente Noardeast-Fryslân. Meastentiids krij ik hiele leuke reaksjes, mar by min waar ha minsken gjin nocht om stil te stean."

Miljeukunde

Nei al dy publikaasjes woe Tigchelaar lykwols wolris wat oars. "Ferline jier ha ik in jier by in brouwerij wurke en ik bin yn dieltiid mei de stúdzje miljeukunde begûn. Ik sit no yn it twadde jier en dan moatst der ek by wurkje."
Sûnt koart wurket er fjouwer dagen yn de wike by de FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing). Hy wurdt oplaat ta fergunningferliener 'ontgrondingen'. "Ja, dat is wol in hiele karriêreswitch, dus der bliuwt minder tiid oer om te skriuwen."
Geart Tigchelaar yn in bydrage út Denemarken wei (2016):
Foarearst is er noch mei twa projekten dwaande. Der komt in bondel fan syn wurk as Streekdichter en in bondel mei oersettingen fan de Deenske dichter Carsten René Nielsen dy't er kennen learde doe't er in skoft yn Denemarken wenne en fereale rekke op it lân en de minsken.
"Dêrnei is it klear. Ik ha nocht om oare dingen te dwaan. It is net sa dat ik noait wer wat meitsje sil. It skriuwen sit yn my bebakt. Ik bin bot mei taal en skriuwen dwaande, mar it komt no earst op in sêft sin."
Geart Tigchelaar hâldt fan stevige muzyk, sa't syn top 5 sjen lit:

Top 5 fan Geart Tigchelaar

Artyst Nûmer
Swiet en Bjuster Wolf
NOFX Linoleum
Gojira World to come
D-A-D A new age moving in
Slomosa There is nothing new under the sun