Fryske filmkompetysje skoot deadline op om’t der mar twa oanmeldingen kamen

De Fryske filmkompetysje FilmKick hat har deadline opskood, no't it tal ynstjoerings efterbliuwt. De orizjinele deadline wie yn oktober, mar om't der mar twa filmplannen yntsjinne binne is dy eindatum no yn jannewaris.
De Filmkick-kompetysje jout benammen begjinnende filmmakkers de kâns om in plan om te setten yn in echte film. As se de wedstriid winne, krije se 10.000 euro oan startkapitaal om harren filmplan út te fieren. Dêrnjonken meie se noch 5.000 euro eigen jild bylizze.
Mar de animo foar de edysje fan 2022 bleau efter by oare jierren. Gewoanwei hie de kompetysje sa'n tsien ynstjoerings dêr't de sjuery in kar út meitsje koe, no binne dat der mar twa. In dúdlike oarsaak liket der net te wêzen, seit de organisaasje.
Mei de oankundiging fan de ferlinging fan de deadline liket der al wol mear flecht op de koai te kommen.
Fryske link
De filmplannen komme gewoanwei fan filmmakkers dy't al in bytsje ûnderfining hawwe, of dy't krekt klear binne mei de filmakademy. De films moatte in Fryske link hawwe. Dat kinne Fryske makkers wêze, mar ek Fryske akteurs of in Fryske lokaasje.
Priiswinnende plannen fan foargeande jierren binne It Skûtsje fan Maria Stuut, Nei de Dûns fan Rutger Veenstra en Steengoed fan The Hensen Brothers.