Sweachster sjocht Russyske oanfallen om him hinne: “Dat is de realiteit”

© Jorrit Schreuder
Yn Fryslân wenje in soad Oekraynske flechtlingen, mar wylst de oarloch noch yn folle gong is, wenje dêr ek noch hieltyd Friezen yn Oekraïne. Jorrit Schreuder fan Beetstersweach is sa'n Fries om utens. De kommende tiid docht hy syn ferhaal by ús.
Schreuder wennet gewoanwei oan de râne fan de haadstêd Kiev mei syn frou Ljoeda en dochters Anna en Vika, mar se ferbliuwe no tydlik sa'n 200 kilometer fierder, by beppe op it plattelân. Dêr, yn Zapadyntsi, is it oft je weromgeane nei de jierren 50. Wetter wurdt mei in amer út de put helle en de kelder leit fol mei iten dat út de eigen tún komt.
Fan de oarloch merke se net folle yn Zapadyntsi, fertelt Schreuder. "It is hjir moai rêstich. It is hjerstich waar. Fan de ûnrêst fernimme we net in soad."
De lizzing fan Zapadyntsi yn Oekraïne © Omrop Fryslân
Fan 2008 oant 2011 wurke Schreuder yn Oekraïne foar in lyts Britsk oalje- en gasbedriuw. Dêr trof hy syn frou Ljoeda. Tegearre hawwe se ek in skoft yn Roemenië wenne, mar yn 2016 binne se wer weromgien nei Oekraïne.
Jorrit Schreuder fertelt oer syn libben yn Oekraïne
De twa bern fan Schreuder gean gewoanwei nei skoalle yn Kiev, mar ha no fakânsje. De lêste tiid folgje se ek faak lessen online. De bern ha net in soad lêst fan de oarloch.
"Foar harren is it in bytsje aventoer", fertelt Schreuder. "As se op skoalle binne, dan moatte se nei de skûlkelder ta. Dan dogge se wol spultsjes en boartsje se in bytsje. Se krije wol wat mei, mar gjin eangst of sokssawat."
Jorrit Schreuder mei syn frou en bern yn Oekraïne © Jorrit Schreuder
De bern skrokken yn it doarpke dêr't se no binne wol fan in alarm yn in stêd flakby, doe't se op strjitte boarten. "Doe wiene se in bytsje ûnrêstich en binne se dochs nei binnen ta gien, want dat wie dochs wat frjemd. Dat is it iennige wat se meikrigen ha."
Dat se it sels noch reedlik hawwe is oan de iene kant moai, mar oan de oare kant rekket dat de frou fan Schreuder bot. Ljoeda fielt har skuldich, om't sy it wol goed ha.
Wylst yn itselde lân, op in pear hûndert kilometer ôfstân, minsken bot te lijen ha fan it geweld en de oarloch. "Der binne in hiel soad doarpen en stêden dy't alle dagen oanfallen wurde", seit Schreuder. "Dy ha gjin wetter en gjin iten. Dy ha it hiel, hiel min. Dat is de realiteit."
Mar salang't it goed giet, binne Schreuder en syn famylje net fan doel op 'e nij it lân te ferlitten. As skoalle wer begjint, tinkt Schreuder deroan dochs werom te gean nei Kiev.
Dat is neffens him better foar de bern, want dan kinne se nei skoalle. "Mar as it net kin, kinne we hjir ek wol bliuwe. Op dit momint kin it beide kanten útgean."