Omwenners en ried wolle antwurden oer opfanglokaasje by Ljouwerter fleanbasis

Ynsprekkers by de riedsgearkomste © Omrop Fryslân, Alle Faber
Der wiene 15 ynsprekkers yn de Ljouwerter riedsgearkomste dy't útlizze woene wêrom't sy gjin regionale opfanglokaasje foar asylsikers by de fleanbasis wolle. In tal riedsleden wol mei alternativen komme.
It wiene benammen omwenners fan de P.J. Troelstraweg dy't woansdeitejûn har soargen diele woene mei de gemeenteried. Earder lieten omwenners yn in ynformaasjegearkomste ek al witte betinkingen te hawwen.
Der waarden 175 brieven oerlange dy't tekene binne troch minsken dy't noed hawwe oer de lokaasjekar.

Omwenners wolle antwurden

Sy fine is net goed te begripen wêrom't de opfanglokaasje njonken in fleanbasis moat. It lûd fan fleantugen smyt stress op foar asylsikers, tinke omwenners. Om dat stânpunt krêft by te setten liet Hans de Jong as ien fan de ynsprekkers in lûdsfragmint hearre fan in oerfleanende gefjochtsfleanmasine.
"Ik vind het niet de juiste plek voor een woonbestemming. Ik vind het nog steeds zeer vage procedures. De informatie die binnen de raad gedeeld is, is onder de maat. De informatie naar de omwonenden toe ook. We zijn inmiddels twee inloopsessies plus een gesprek met de wethouder verder, maar we weten nog steeds niets. En ik heb de indruk dat de raad ook niets weet", sa sei De Jong.

CU wol mei alternativen komme

Carlijn Niesink fan de ChristenUnie seit dat de ried ek antwurden wol fan it kolleezje en tinkt dat der gjin draachflak foar de opfang by de fleanbasis is. "Wij zullen daarom met een plan komen waarin we ook echt alternatieven aandragen. Kleinschalige locaties, in de stad en in de dorpen."
Niesink wol dat mei oaren dwaan, mar om hokker kollega's it giet, koe sy noch net sizze. "We vinden het wel belangrijk dat we van het college eerst antwoord krijgen op vragen. Er leven nog zoveel vragen. Dus dat proces gaan we eerst in", ferklearre Niesink.
It kolleezje sels wol noch opheldering fan it Ryk, om't it ministearje fan Justysje en Feiligens (dêr't it COA ûnder falt) foar de opfang is, mar it ministearje fan Definsje tsjin is en sels beswier oantekenje sil as it safier komt.
De ynsprekkers yn de ried wiene net te sprekken oer de kommunikaasje: sy liezen it nijs oer in mooglike opfang foar it earst yn de media. Allinne de minsken deun njonken de fleanbasis hiene berjocht krigen. En dat wylst der al langer efter de skerms praat waard oer in regionale opfanglokaasje.
Yn it asylsysteem binne der meardere typen opfanglokaasjes. Op in regionale opfanglokaasje (ROL) kinne statushâlders en asylsikers mei in kânsrike asyloanfraach in start meitsje mei har yntegraasje. De opfanglokaasje is ferbûn oan meardere gemeenten yn de regio, dêr't de statushâlders úteinlik in hûs krije.
Guon omwenners hâlde it op hantsjebakken tusken it kolleezje, it Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) en de projektûntwikkeler. "Ze stippelen het enorm uit, ze hebben hun plannetjes eigenlijk allang klaar", sei ynsprekker Jannie Bijlsma.