Romme mearderheid Steaten wol fee beskermje troch wolf oan te pakken

In wolf yn it Dútske Swarte Wâld. De wolf lit him yn Nederlân net goed fotografearje. © ANP
De wolf makket te folle slachtoffers yn Fryslân en moat dêrom aktyf bejage wurde. In romme mearderheid yn Provinsjale Steaten fan Fryslân stimde woansdei foar de moasje 'Fee yn de greide' fan CDA en VVD.
It ôfrûne jier binne neffens de partijen yn Drinte en Fryslân mei-inoar sa'n 200 skiep, lamkes en ponnys oanfallen troch wolven. Dy situaasje is ûnhâldber, sizze de partijen. Sy wolle dêrom dat de beskermingsstatus fan de wolf yn Fryslân omleech giet, sadat it rôfbist bejage wurde kin.
Ek de Partij van de Arbeid stimde foar de moasje 'Fee yn de greide' fan CDA en VVD. Hetty Janssen fan de PvdA gunt de wolf noch hieltyd in beskerme status, mar sjocht ek dat it bist yn it Fryske greidegebiet te folle slachtoffers makket. "Je ziet dat de onrust toeneemt, dat moet je niet ontkennen."
Boeren binne boppedat ûntefreden oer de foarstelde beskermingsmaatregels, lykas it pleatsen fan hegere stekken mei subsydzje fan de provinsje. "Het is duur en arbeidsintensief en bovendien hebben ze niet het gewenste effect."

"Wolf hoort in die gebieden niet thuis"

De sosjaaldemokraten pleitsje der dêrom foar om wolven yn lânbougebieten as it Fryske greidegebiet minder te beskermjen as wolven dy't yn grut natuergebiet wenje. "Er loopt hier veel vee in de wei. Dat willen we graag zo houden. We denken daarom dat de wolf in die gebieden niet thuishoort."
Hetty Janssen oer de needsaak om de wolf oan te pakken
Fryslân is no nei Drinte de twadde provinsje fan Nederlân dy't it ryk freget om wolven dy't fee deadzje aktyf te bestriden. Deputearre Klaas Fokkinga hopet dat der gau heldere regels komme dy't oanjouwe wannear't in saneamde 'probleemwolf' oanpakt wurde mei.