Ljouwerter hûs ôfsletten nei fynst fan kokaïne en heroïne

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
In hûs oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert is foar in healjier sletten om't de plysje drugshannel út it hûs wei op it spoar kaam. Dat is krekt besuden de Ljouwerter binnenstêd, foar de Blokhúspoarte oer.
De plysje foel it hûs begjin septimber binnen en doe waard der hast 68 gram kokaïne en 93 gram heroïne fûn. Ek lei der flink wat kontant jild yn it hûs.
Op basis fan de Opiumwet hat boargemaster Sybrand Buma de wente no sletten, om nije drugshannel en oerlêst te kearen. It is dit jier de 24ste wente dy't troch de boargemaster sletten is.