Sportcast: "Sjors Ultee is de ideale trainer foar SC Cambuur"

Sportcast © Omrop Fryslân
De namme fan Sjors Ultee sjongt rûn yn it Cambuur Stadion as opfolger foar Henk de Jong, dy't syn taken foarige wike dellizze moast. Ultee is neffens de sportferslachjouwers yn de Sportcast in trainer dy't geskikt is foar de Ljouwerters.
Yn it ferline wurke Ultee by ûnder oaren FC Utrecht, FC Twente en Helmond Sport. Dêrnei waard er haadtrainer by Fortuna Sittard. Hy hanthavene him trije kear mei dy klup yn de earedivyzje, oant er begjin dit seizoen dien krige nei in 4-1 nederlaach, krekt tsjin Cambuur.
Sportferslachjouwer Geert van Tuinen sjocht syn komst wol sitten. "Hy is oait beneamd ta kroanprins fan it Nederlânske trainersgilde. As dat bart, moatte je foarsichtich wêze. Mar ik ha der wol in goed gefoel by."

"Hiel posityf"

Datselde jildt foar sportferslachjouwer Andor Faber. "Ald-Cambuurspiler Mark Diemers hat ûnder him traind en is hiel posityf oer him. As ien dat seit, is dat wol in positive resinsje foar in trainer."
Yn de tiid by Fortuna Sittard makke sportferslachjouwer Falco Cremers fan de Limboarchske omrop L1 him twa jier mei. Hy is goed oer him te sprekken. "Het is een heel nette, beschaafde en welbespraakte man, die wars van arrogantie is. Ik kan enkel heel positief zijn over hoe ik met hem heb samengewerkt."
Neffens Cremers kin Ultee goed mei druk omgean en besiket er, wêr mooglik, oanfallend fuotbal te spyljen. "En wat hij goed kan, is een hecht team smeden. Dat hebben we vorig jaar gezien. Met spelers uit allerlei windstreken van allemaal niveaus heeft hij van Fortuna een machine gemaakt en die in de Eredivisie gehouden", sa seit de L1-sjoernalist.
Boppedat, sa tinkt Cremers, stiet Ultee sels ek iepen foar Cambuur.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.
Foar Jan de Boer fan Sleat wie it in wykein om nea te ferjitten. Hy is tredde keeper by FC Groningen, mar om't de earste twa doelmannen blessearre wiene, mocht hy keepe tsjin PSV. De Grinslanners wûnen mei 4-2 en De Boer keepte in sterke wedstriid. "Het was een droomdebuut. Ik had dit niet kunnen bedenken", seit hy dêroer.
Sneon hearde De Boer dat er keepe soe en dus sieten syn heit en suske yn it stadion. Mar der ûntbruts ien. "Mijn moeder wilde niet mee naar het stadion. Ze heeft voor de tv zitten kijken en er is een vriendin van haar met een fles wijn gekomen om het nog een beetje te redden", laket de 22-jierrige doelman, dy't keeperstrainer is by it earste fan VV Sleat.

Andries Noppert

Yn de jeugd spile De Boer by sc Hearrenfean, mar dy klup ferruile er trije jier lyn foar dy fan Grins. It grappige is dat hy yn it ferline noch keeperstraining krige fan Andries Noppert, de keeper fan Hearrenfean. En dat wie ek in ynspiraasjeboarne foar De Boer, doe't er sneon te hearren krige dat er op 'e goal stean soe tsjin PSV.
"Zaterdag heeft Harmen Kuperus, de keeperstrainer, tegen me gezegd dat ik alleen maar beelden van Andries moest bekijken. Dus dat heb ik zaterdag zitten doen", fertelt De Boer, dy't mei tank oan de bylden fan Noppert dus in wrâldpot keepte. Mooglik dat er kommend wykein wer ûnder de latte stiet, as FC Groningen op besite giet by FC Emmen.