GGD Fryslân faksinearret de kommende tiid wer op ferskate pop-uplokaasjes

In tydlike faksinaasjelokaasje © GGD Fryslân
Friezen kinne harren de kommende wiken wer faksinearje litte op ferskate pop-uplokaasjes fan GGD Fryslân. Dizze wike binne lokaasjes yn Harns, Koudum en Surhústerfean iepen.
Yn it hiele lân kinne minsken dy't yn of foar 1992 berne binne fan moandei ôf in ôfspraak meitsje foar in nije prik. Foar de pop-uplokaasjes jildt gjin leeftiidsgrins. Foar in prik op sa'n tydlike lokaasje hoege minsken gjin ôfspraak te meitsjen.
Op de lokaasjes kinne minsken telâne foar in werhelprik, mar ek foar fragen oer it faksin of it coronafirus.
Derk Moor fan GGD Fryslân