Swalkje troch de Fryske natuer mei de hjerstswalker

De hjerstswalker © Omrop Fryslân
De suksesfolle natuersearje 'de maitiidsswalker' krijt dizze hjerst en winter in ferfolch. Natuersjoernalist Remco de Vries giet op 'en paad as 'de hjerstswalker' wêrby't de hjerstnatuer yn seis ôfleveringen sintraal stiet. De hjerstswalker is fan moandei 31 oktober ôf te sjen by Omrop Fryslân.
Mei kameraman Gerko Jonker giet Remco de Vries op syk nei de moaiste plakken yn de Fryske natuer. Mar dit kin noch wolris in hiele opjefte wurde: "It is in behoarlike útdaging, want it waar kin wolris in stik minder noflik wêze as yn de maitiid en it fûgellibben konsintrearret him fansels net mear op plakken dêr't bret wurdt."
Remco de Vries as de hjerstswalker © Omrop Fryslân
Je moatte bytiden ek genietsje fan de natuer en leafde ha foar wat der sa bysûnder oan is.
Natuersjoernalist Remco de Vries
It útgongspunt is wol itselde as it eardere telefyzjeprogramma, nammentlik sjen litte hoe moai de Fryske natuer is. Mar spitigernôch giet it net altyd like goed mei dy natuer: "Fansels spilet der fan alles yn de Fryske natuer en it is ek dúdlik dat dy natuer behoarlik ûnder druk stiet. It is dan ek oan my om dat sjen te litten. Mar je moatte bytiden ek genietsje fan de natuer en leafde ha foar wat der sa bysûnder oan is", seit Remco.
Swalkje troch de Fryske natuer mei de hjerstswalker

Seis gebieten yn Fryslân

De seis gebieten dy't foarby komme yn de hjerstswalker binne: Noard-Fryslân Bûtendyks, de Noardlike Fryske Wâlden, de sompegebieten fan Noardeast-Fryslân, it Fochtelerfean, de Rysterbosk yn Gaasterlân en Skylge.
De útstjoeringen begjinne op 31 oktober en rinne oant en mei 5 desimber. Dat in hjerstsearje foar in part yn de winter útstjoerd wurdt, is neffens Remco gjin probleem: "t begjin fan de hjerst liket hieltyd mear op de simmer en de winter hat hieltyd mear fan in lange hjerst."
Sjoch en swalkje fan 31 oktober ôf eltse moandei om 17.15 oere troch de Fryske natuer mei de hjerstswalker by Omrop Fryslân.