Bernerjochten yn de knipe troch fersnipele soarch

Odette Brand, direkteur behannelsaken Jeugdhulp Fryslân © Omrop Fryslân
It soarchlânskip foar bern is fierstente bot fersnipele. Dat helpt net foar de rjochten fan it bern. Dat stelt Odette Brand, direkteur behannelsaken fan Jeugdhulp Fryslân.
Brand kin har goed fine yn it rapport dat bernerjochte-organisaasje Kidsrights makke hat oer de posysje fan bern yn Nederlân. Yn it Kidsrights Index rapport 2022, dat yn gearwurking mei de Erasmus Universiteit makke is, stiet dat de rjochtsposysje fan bern minder wurden is.
Dat hat benammen te krijen mei de lange wachtlisten yn de jeugdsoarch, mar ek mei de mindere mentale sûnens fan bern troch de coronakrisis. Boppedat is de beskerming fan minderjierrige asylsikers minder wurden en is der sprake fan mear berne-earmoede.

'Te folle partijen by belutsen'

"Er is gedoe rond wachtlijsten en armoede, dat is niet goed. Zeker als daar dan ook nog complexe problematiek bij komt. Dan is het juist nodig dat de rechten van kinderen goed beschermd worden", seit Brand.
It giet neffens har op in soad gebieten mis. Der binne te folle partijen by belutsen rekke. "Er zijn veel mensen die ergens over kunnen beslissen als het gaat om een kind. Ik zie ze soms met 31 verschillende zorg- of hulpverleners."

Bern ha der lêst fan

Brand sjocht sels ek in soad bern mei komplekse problemen by behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehemmen. "Zij hebben daar veel last van. Ze zien veel verschillende hulpverleners die soms weer een ander verhaal hebben. Voorspelbaarheid blijft het beste voor het kind."
Troch dy fersnipele soarch komt in soad druk by âlders te lizzen. Soarchferlieners ûnderskatte neffens Brand dan ek wolris wat de ympakt op har is. "Iedereen probeert zijn best te doen voor het kind, alle partijen. Voor kinderen is het alleen niet goed dat ouders vier keer per week zoveel tijd kwijt zijn. Kinderen moeten ook naar school. Dat geeft veel stress. Als je bovendien steeds maar weer je verhaal moet doen, kun je er ook niet zijn voor je kind."
We moeten ons meer realiseren dat het voor ouders een opgave is om steeds maar weer te reizen naar al die gesprekken.
Odette Brand oer de ympakt fan jeugdsoarch op âlders
De rjochten kinne ferbetterje as skotten weinaam wurde, tinkt Brand. "Men moet niet altijd meer in aparte vakjes denken. Dus niet naar de schuldhulpverlening naar A en voor de jeugdhulp naar B."
Se fynt dat helpferlieners makliker gearwurkje moatte. It bern moat dêrby sintraal stean. "Dus als een collega-instelling een intake heeft gedaan en wij denken dat wij een betere kunnen doen, dat we de intake dan gaan lezen en eventueel aanvullende vragen gaan stellen."
Boppedat, fynt Brand, moat de soarch folle mear yn de eigen thússituaasje plakha: "We moeten ons meer realiseren dat het voor ouders een opgave is om steeds maar weer te reizen naar al die gesprekken."

Jild is net de oplossing

De grutste oarsaak fan de fersnipeling leit yn de desintralisaasje fan de soarch, stelt Brand. Dêrtroch is der wer in laach bykaam. It giet dan om wyk- en gebietsteams. "Dat helpt niet altijd. Je moet ook mensen hebben die een gezin goed kunnen inschatten."
It moat makliker en dúdliker organisearre wurde, fynt Brand. "Het gaat niet altijd om meer geld, maar meer om hoe je dat uitgeeft."
Jeugdbeskermers moatte neffens har dan ek holpen wurde om bern te beskermjen. "Daar moeten middelen voor zijn. Het gaat om de kinderen die recht hebben om op een goede manier in de gaten te kunnen worden gehouden."