Earmoedeplatfoarm: folle mear Friezen ûnder sosjaal minimum as bekend

Der is folle mear earmoede yn Fryslân as offisjeel bekend is. Dat seit Douwe Beimin fan it Platform Armoede en Schulden. Offisjeel libje neffens Beimin 35.000 minsken yn ús provinsje ûnder de grins fan it sosjaal minimum, mar de wurkjende earmen wurde dêr net yn meinaam.
Zzp'ers en lytse selsstannigen hawwe it neffens Beimin ek tige dreech. "By earmoede tinkt elkenien oan minsken yn de bystân. Mar mei by de wurkjende earmen derby is it probleem grutter", sei Beimin snein yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries.
It ryk stelt elk healjier fêst wat it sosjaal minimum is. Dat is it minimale bedrach dat ien nedich hat om yn it libbensûnderhâld foarsjen te kinnen. De hichte fan it bedrach hinget ôf fan ferskate faktoaren, lykas leeftiid en wensituaasje.
De aktuele bedraggen fan it sosjaal minimum steane op de webside fan it UWV.
Beimin seit ek dat de problemen op it stuit alle dagen grutter wurde. Hy wurdt der hieltyd op oansprutsen troch minsken de lêste tiid.
In foarbyld is in jonge mem. Sy moat troch de hege enerzjyrekken libje fan 22 euro yn 'e wike, fertelt Beimin. "Dat kin net." In soad minsken jouwe by Beimin oan dat se it net mear folhâlde. Se wurde ek ôfhinklik fan harren omjouwing, dy't bygelyks helpe mei it beteljen fan de boadskippen.
As je 500 euro yn it read steane, dan komt de 190 euro enerzjytaslach yn dat gat.
De ekstra taslaggen dy't de minsken krije, ferdwine neffens Beimin yn it grutte gat. "As je 500 euro yn it read steane, dan komt de 190 euro aanst yn dat gat. It jild soarget der net foar dat minsken wat útjaan kinne."
Beimin pleitet derfoar om de enerzjytaslach yn sjeks te jaan of cash. Dan kinne minsken der noch wat mei. Hy hat dat ek oan it kolleezje fan de gemeente Ljouwert foarsteld. Neffens Beimin hat de wethâlder it mei grutte belangstelling opskreaun.
Krityk op ryksoerheid
Gemeenten soenen mear harren eigen wei sykje moatte, fynt Beimin. Dan mar "ongehoorzaam" rjochting de ryksoerheid, as it oan him leit.
Jan-Willem Tuininga, FNP-riedslid yn de gemeente Ljouwert, fynt ek dat der mear foar de minsken dien wurde moat. Hy seit dat Den Haag dat tsjinhâldt en der net genôch finansjele earmslach oan gemeente foar jout.
Douwe Beimin en Jan-Willem Tuininga yn petear oer earmoede
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.