HEA! Rienk de Boer brûkt al lang gjin gas mear

HEA! Goeie! houthakke
Rienk de Boer hat in foarútsjende blik hân, want hy is al jierren fan it gas ôf. Hy hâldt der net fan om oeral mar elektryske apparaten foar te brûken as it ek oars kin.
Hy is frijwilliger by it swimbad fan Surhústerfean en se hawwe krekt mei in ploech by it swimbad de sydtakken fan beammen ôfseage. De Boer bringt it hout no nei syn hûs en foarearst hat hy wer moai wat ekstra hout foar syn houtkachel.