Plysje, KNRM, SAR en frijwilligers sykje troch nei fermisten boatûngelok

De Arie Visser fan de KNRM op Skylge fart wer út foar de syktocht © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De syktocht nei de fermiste opfarrenden fan it boatûngelok by Skylge is sneintemiddei wer fierder gien, meldt de plysje. In 12-jierrige jonge en in folwoeksen man binne noch altyd net fûn.
Sneon waard der sûnder resultaat socht yn in flink gebiet om de fargeul hinne, dêr't it ûngelok tusken de snelboat Tiger en de wettertaksy Stormloper barde.
Oan it begjin fan de middei is der wer in boat fan it Landelijk Team Onderwaterzoekingen op wei gien. "Dat heeft te maken met tij, dan wordt het laag water", leit in wurdfierder fan de Landelijke Eenheid út. It is deselde boat as dêr't de plysje sneon ek mei socht.
Nu wordt gezocht op zicht, omdat het nu echt zoeken is naar een speld in een hooiberg.
Wurdfierder Landelijke Eenheid
Sneintemiddei wurdt foarearst net direkt mei sonarapparatuer socht. "Met sonar wordt echt systematisch een bepaald gebied afgezocht. Nu wordt gezocht op zicht, omdat het nu echt zoeken is naar een speld in een hooiberg."
Bylden fan de syktocht by Skylge nei twa fermisten fan it boatûngelok
De kustwacht liet earder witte dat de kâns hiel lyts is dat de fermisten noch yn libben binne. De plysje hopet mei it lege wetter dat de lichems bygelyks te sjen wêze sille op sânbanken. Om de fargeul hinne binne in soad sânbanken, seit de wurdfierder.
Net allinnich op it wetter wurdt socht: ek in plysjehelikopter siket mei.

SAR-team helpt mei

Sneon waard ek al troch in soad minsken socht, ûnder oare troch in team fan 23 minsken fan frijwilligersorganisaasje Search and Rescue Nederland (SAR) dy't mei quads lâns it strân rieden en drones by harren hiene.
It like derop dat de SAR snein net meihelpe koe, omdat der gjin plak wêze soe op de fearboat foar de minsken en it materieel. Uteinlik binne se dochs mei 26 minsken op it eilân, omdat se troch in spesjale boat fan Rykswettersteat ophelle binne.
"We hebben nu ook extra mensen van de reddingsbrigade in Drachten die ons assisteren in de zoektocht. Mensen hebben ook speciale pakken aan, voor het geval ze de zee in moeten", seit in wurdfierster.
It SAR-team bliuwt oant 19.00 oere op it eilân, dêrnei wurde se troch Rykswettersteat mei de boat werom brocht. "We zetten alles op alles om te kijken of we wat kunnen vinden."
Frijwilligers fan de SAR sochten sneon op it strân fan Skylge nei de fermisten © ANP
Neffens de plysjewurdfierder libbet de syktocht op it eilân. "Er worden extra rondes gemaakt over de stranden om zicht te krijgen." De plysje seit fierder dat it elkenien frij stiet om op it eilân mei te sykjen en ropt wer de berops- en plezierfeart op om mei te sykjen op it wetter.
De plysje seit alle dagen opnij te sjen oft de syktocht fierder giet. Dat hinget fan in tal faktoaren ôf, ûnder oare it waar en oft it ferantwurde is om út te farren.
Ferslachjouwer Lennard Jan Geerts is ek wer op Skylge. Hy sjocht dat der in soad minsken oan it sykjen binne. "Er vaart een politieboot rond op het plek van het ongeluk. Aan de andere kant, richting Vlieland en de Noordzee, varen maar liefst acht boten van de KNRM."
"Die KNRM-boten varen in een linie naast elkaar en zoeken op die manier een groot gebied af", leit Geerts út. "Er zoeken ook nog mensen op het strand, waaronder vrijwilligers. Al met al zijn er wel 30 à 40 mensen bezig met de zoekactie."