'Jij hebt ook altijd wat': it libbensferhaal fan Pietsje Hannema optekene

Alle dagen besiket de 54-jierrige Pietsje Hannema fan Sint Jabik der wol op út te gean. Rinne jout har rêst. En dat is nedich, want har libbenspaad is ien fan falle en wer oerein komme.
Minsken yn Sint Jabik sjogge net mear raar op as se Pietsje Hannema troch de buorren kuierje sjogge mei har klikproteze. Sy kenne har ferhaal: Pietsje moast yn 2007 har skonk amputearje litte nei't in tumor yn 'e linkerskonk de senuwen oantaast hie. It fertriet wie grut, mar se liet har net út it fjild slaan.
Hannema grypte alle medyske kânsen oan om wer troch it libben rinne te kinnen. Sa waard sy de earste frou yn Nederlân dy't in nij type proteze oanmetten krige troch it Radboudumc yn Nijmegen.
Eksperimintpasjint
As eksperimintpasjint mocht sy de proteze teste en fierder helpe te ûntwikkeljen. Dêrby lei se de latte heech foar harsels. Want as je eintsjebeslút mei in proteze de Nijmeegse Vierdaagse witte te rinnen, dan witte je fan trochsetten.

Harkje nei it petear mei Pietsje Hannema
Skriuwer Eddy van der Noord tekene har bysûndere libbensferhaal, dat in soad swarte siden ken, op yn it boek 'Jij hebt ook altijd wat'.
Dêrby koe Hannema net om it seksueel misbrûk yn har jeugd hinne. "It hat fansels in hiele oertinking west oft ik dat ferhaal wol of net diele soe, mar wêr't ik weikaam bin en wêr't ik no stean, hat dêr alles mei te krijen."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.