Fidesta út alle macht nei de bêste soarch yn in fergriizjende takomst

Frou Breeuwsma en har skoandochter © Omrop Fryslan
No't ús provinsje fergrizet, moatte wy mear neitinke oer de takomst, sizze ferskate partijen yn de soarch. Soarchorganisaasje Fidesta besiket in wenfoarm dy't tusken thús en ferpleechhûs yn sit.
It duorret net iens sa lang mear: yn 2030 is sa'n ien op de fiif Friezen 65 jier of âlder. Wat bestjut dat foar soarch en wenjen? De soarchsteat is definityf foarby, seit Iris Nawia fan ROS Friesland (Regionale Ondersteuningsstructuur).
Fidesta bestiet fiif jier en hat yntusken it achtste Fidestahûs iepene. Noarderthús yn Warkum wie ien fan de earste Fidestahuzen. Yn it appartemint fan frou Breeuwsma drinkt skoandochter Aukje Galema in bakje kofje mei har skoanmem. Frou Breeuwsma hat de lêste jierren yn in sjalet neist har bern wenne, fertelt Aukje Galema.
It gie sa moai as wat. Skoanmem paste op de bern en letter tochten sy wer om skoanmem. Mar doe't sy nachts begûn te dwalen gie it net mear en moast der in oar plak socht wurde.
Yn it nijste Fidestahûs yn Ljouwert
Breeuwsma gie al twa dagen yn 'e wike nei Fidesta Noarderthús yn Warkum foar deibesteging. Doe kaam der in appartemint frij en dêrom wie de kar gau makke.
En ja, sy giet efterút, dat heart by de sike holle. Mar sy hat it o sa nei it sin. Sy laket in soad, sjocht har skoandochter. Galema hopet dat skoanmem oant de ein ta hjir bliuwe kin.

Weromfalle op it team

Fierderop yn de mienskiplike keuken sitte de oare bewenners oan tafel. It is oan elts de kar oft sy kofje drinke wolle mei-inoar of net, fertelt Leen van der Poelje. Hy is mei syn frou Froukje ien fan de earste soarchûndernimmers fan Fidesta.
Sy hawwe yntsuken de draai fûn. Yn it earste jier wie it noch sykjen nei de balâns tusken wurk en privee. No giet dat goed en witte se dat se weromfalle kinne op it team.
Oan de muorre by Fidesta © Omrop Fryslân
Leen freget of Froukje noch by frou Muller sjen wol. Sy hie in drege nacht hân en wie wat oerstjoer, seach er, doe't er by har wie. Nachts is der ek tafersjoch. En omdat se de bewenners goed kenne, witte se ek krekt wannear't der wat mei ien is. Froukje nimt in bakje kofje mei en stelt frou Muller gerêst.

It moat út kinne

Leen en Froukje wenje yn 'e buert, dêr binne ek soarchûndernimmers dy't yn itselde kompleks wenje as de bewenners, Sa tichtby wêze, dat is ûnderdiel fan it geheim, fertelt Kathy Terenstra, direkteur en oprjochster fan Fidesta.
Terenstra soarget mei in hiel team foar de rânebetingsten en de soarchûndernimmers foar de soarch. Dy draaie folslein mei yn it soarchteam. Ek de nachten. Want allinne dan kin it út.
Oer jild sprutsen: it is net foar minsken mei in hiele lytse beurs. It bliuwt oan de soarchûndernimmers sels om earne in mouwe oan te passen, as it oan de ein fan de rit mar út kin.
Froukje en Leen van Poelje binne soarchndernimmers yn Warkum © Omrop Fryslân
Earder wie der al Idesta. Yn 2017 kaam der in gearwurkingsferbân en doe is it Fidesta wurden. De besteande lokaasjes fan Idesta, dêr't ek lytsskalige soarch wie, binne doe franchise-lokaasjes wurden.

Net te hurd groeie

Kathy Terenstra hat as manager yn ferskate grutte soarchorganisaasjes wurke. Sy seach dat der in soad ferbetterpunten lizzen bleaune en tocht: dat kin better. Der binne plannen om út te groeien nei 15 lokaasjes, ek trije bûten Fryslan. Mar se wolle net te hurd groeie en net te grut wurde.
As in bewenner hiel min wurdt en mear soarch nedich hat, dan hâldt it foar Fidesta op en moat de bewenner likegoed nei in ferpleechhûs. It is noch net sa faak foarkaam yn dy fiif jier. Kathy is derfan oertsjûge dat de bewenners it goed dogge op de persoanlike soarch, farsk iten en leafde dy't se krije.
Direkteur Kathy Terenstra oer it geheim fan Fidesta
Dizze lytsskalige foarm fan wenjen tusken thús en ferpleechhûs yn is ien fan de mooglikheden. No't wy hieltyd âlder wurde en der minder mantelsoarch is, kin dat goed wêze, tinkt Iris Nawia.
Wy moatte no echt saken oars dwaan en miskien hie dat al earder moatten, seit Nawia. De fersoargingssteat is definityf foarby, wy sille ta de bûse moatte, seit sy.

Yn 't foar aksje nimme

Wa't dat kin, moat op tiid neitinke oft it hûs senior-proof is. En it is likegoed wichtich om de libbensstyl oan te passen, sa't je sa sûn as mooglik âld wurde. En net allinne sûn, mar ek lokkich. Nawia fynt dat der ek foar wolwêzen mear omtinken komme moat, want in soad âlderein is iensum.
Sy sjocht dat der bygelyks ek hieltyd mear kommersjele wolwezênsorganisaasjes komme om by minsken thús fan alles oan te bieden. Ek dat kostet jild.
Iris Nawia fan ROS Friesland oer wat nedich is
Mear âldere minsken, minder jongeren om foar heit en mem te soargjen. It giet dûbeldop. It freget ek wat fan wurkjouwers om mantelsoargers de romte te jaan. En dy wurkjouwer hat it al dreech genôch om oan personiel te kommen. Ek der sille wy it mei-inoar oer hawwe moatte, seit Iris Nawia.
It freget in hiele oare sjenswize op soarch en it âlder wurden. En hinget fan beskikbere middels en minsken ôf. En hokker kar de polityk makket.
Yn Buro de Vries is snein in reportaazje oer Fidesta Noarderthús. Bewenners en har famylje fertelle werom't sy foar dizze wenfoarm keazen hawwe. Leen en Froukje fertelle oer har wurk, dat hast in wize fan libjen wurden is.