Fryske lânbou-organisaasjes: "Melkfeehâlders kinne net samar oer op ikkerbou"

Boer Jan Teade Kooistra, regiobestjoerder fan LTO Noord © Omrop Fryslân
Melkfeehâlders moatte mear oerstappe op ikkerbou om de stikstofútstjit te beheinen, sei minister Van der Wal fan Stikstof ôfûne wike. Mar in grutskalige oerstap is ûnhelber, stelle Fryske lânbou-organisaasjes.
De útspraak fan minister Christianne van der Wal yn de Volkskrant smiet in soad fernuvering op ûnder boeren. Want dat is sa maklik noch net, sizze belutsenen.
"De bedriuwsfoarm folget de kwaliteit fan 'e grûn", seit foarsitter Teun de Jong fan de Nederlandse Akkerbouw Vakbond yn it Biltsk. "Dat is yn de ôfrûne iuwen út ûnderfining fêststeld. De bêste grûn is foar ikkerbou. En de grûn dêr't net folle mear groeie wol as gers, dêr't it te wiet is of te dreech om te bewurkjen is, dêr is melkfeehâlderij te finen."
In melkfeehâlder kin net samar bouboer wurde, sizze Fryske lânbouklups
Dat seit ek Jan Teade Kooistra, regiobestjoerder by LTO Noord. "Alles wat yn Fryslân geskikt is foar ikkerbou, dat is it ek. Dat is rûchwei fan Harns oant Ingwierrum. Dy grûn is der ek poergeskikt foar, de moaiste poaters komme hjir út it Noarden wei. Mar fierder is der sân, fean en klaai, dat is foar ikkerbou net geskikt."
Kooistra sit sels mei syn bedriuw yn Eagum, yn 'e midden fan de provinsje. "Wy sitte hjir op swiere klaai. Der hat noch noait in bouboer west dy't my frege hat om in stik grûn te hieren om earappels te ferbouwen. In earappel moat út de grûn, mar dat komt net goed. Dy soe hjir skyld útkomme."
Der is gjin merk foar en ik ferwachtsje net dat frou Van der Wal der alle jierren jild by leit.
Teun de Jong fan de Nederlandse Akkerbouw Vakbond
Teun de Jong is der dúdlik oer: "In stap werom nei eartiids, mei twadderangs ikkerbou, is absolút net realistysk. Der is gjin merk foar en ik ferwachtsje net dat frou Van der Wal der alle jierren jild by leit."
Yn de oanrin nei de jierren santich spesjalisearren bedriuwen har. "Der wiene bedriuwen mei in bytsje ikkerbou njonken de feehâlderij. Mar men stapte oer nei wat wol oeral koe: greide mei melkfeehâlerij. Yn de Wâlden bestie ek in part sânikkerbou, mar dat wie ek de ûnderein fan de merk."
Foarsitter Teun de Jong fan de Nederlandse Akkerbouw Vakbond © Omrop Fryslân
Der binne gjin mooglikheden om op grutte skaal ikkerbou te dwaan, tinkt De Jong, sels boer yn Sint Anne. Boppedat freget in omskeakeling ek wat fan boeren.

'Ikkerbou is in oar fak'

Want in bouboer moat wer oare kennis hawwe, bygelyks oer tylttechnyk, grûnsoarten en fruchtwikseling. "Alles hat in flinke learskoalle nedich. En je kinne in soad leare, mar it begjint der mei dat de grûn geskikt wêze moat."
In trekker by it lân © Omrop Fryslân
Guon boeren soene ekstra grûn nedich hawwe foar ikkerbou om it ynkommen te behâlden, ek leanwurkers moatte oars wurkjen leare en boeren moatte ûnderfining opdwaan om ferskate gewaaksen te ferbouwen om it jier troch genôch jild te fertsjinjen.
Kooistra fynt it ek in fak apart. Boppedat binne dêr ek wer oare masinen foar nedich, wat ek wer jild kostet. "Ik haw der ek nea oer prakkesearre. Ik bin berne en opgroeid op in melkfeebedriuw."