Lelyline op wurklist ynformele transportried yn Praag, mar Brussel hat noch gjin stânpunt

De Lelyline stiet nije wike op de wurklist fan de ynformele Europeeske transportried yn Praag. Minister Mark Harbers fan Ferkear meldt dat yn in brief oan de Twadde Keamer.
Dat yn Praag oer de Lelyline praat wurde sil, bart op fersyk fan it Nederlânske regear. Nederlân wol de Lelyline yn kombinaasje mei de Wunderline tusken Grins en Bremen taheakje oan de TEN-T-korridor Northsea-Baltic.
It opnimmen fan de Lelyline op de Europeeske rûtekaart fan heechweardige spoarferbinings soe betsjutte dat de oanlis fan de spoarline yn de beneaming komme kin foar finansjele stipe út Brussel.

It pleatsen fan de Lelyline op de wurklist betsjut neffens wurdfierder Adalbert Jahnz fan de Europeeske Kommisje allinnich dat de kommisje iepenstiet foar petearen hjiroer en net dat de kommisje hjir foar of tsjin is.
Berjochten yn guon Nederlânske media oer Brusselske stipe foar de Lelyline sprekt Jahnz dêrom mei klam tsjin. "In earste stânpunt ferwachtsje ik net earder as oan de ein fan dit jier en oanslutend moat in mooglike oanpassing fan TEN-T ek foarlein wurde oan it Europeesk Parlemint. In definityf stânpunt ferwachtsje ik pas yn de rin fan 2023."
3 miljard reservearre
It kabinet Rutte IV hat yn it koälysje-akkoart 3 miljard reservearre foar de oanlis fan de Lelyline fan Lelystêd oer It Hearrenfean en Drachten nei Grins. Omdat de kosten fan de nije ferbining rûsd wurde op 8 oant 9 miljard binne mooglike finansjele bydragen fan de Europeeske Uny en ek út de regio essinsjeel foar Nederlân.
It ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat is op it stuit ek dwaande mei it tarieden fan de spesjale projektgroep Deltaplan & Lelyline. Dy sil as earste in breed ûndersyk útfiere nei beide projekten yn it ramt fan it Meerjarenprogramma Infrastructuur Ruimte en Transport.
Startbeslút
As dat ûndersyk klear is, kin it kabinet in 'startbeslút' oer de spoarline nimme foar in MIRT-ferkenning, de folgjende stap yn de proseduere foar grutte projekten op it mêd fan ynfrastruktuer.