Húske sûnder wetter, gas of elektrisiteit oan kanaal by Dronryp ferkocht

It húske oan it Van Harinxmakanaal by Dronryp © Struiksma Makelaars
It like wol of woe it hiele lân witte watfoar apart húske dat wie by Dronryp. De wente is allinnich te berikken oer it wetter en hat gjin oansluting op wetterlieding en rioel, gas en stroom. Op Funda wie it húske in topper kwa omtinken. En mei resultaat, want it is ferkocht.
Wa't it kocht hat, kin makeler Frank Struiksma fan Snits net sizze. De keaper wol noch efkes anonym bliuwe. Ek geheim bliuwt wat it húske opbrocht hat. De biedingen rûnen útien fan de fraachpriis fan 85.000 euro oant 110.000 euro. It hûs is net nei de heechste bieder gien, seit de makeler.
It húske waard boud yn 1855 as brêgewipperswente. Dy moast in wenplak flakby hawwe, omdat er de krekt boude flapbrêge oer de Harnzertrekfeart betsjinne. De Harnzertrekfeart waard letter it Van Harinxmakanaal. It húske leit oan twa kanten oan it wetter op it plak dêr't de Boalsertertrekfeart útkomt yn it kanaal.
It aparte húske is 863.570 kear besjoen op Funda. De keaper wol it opknappe. Sloop en nijbou smyt problemen op mei de gemeente.
It húske wurdt alhiel selsfoarsjennend, sa is it doel. Dat moat ek wol, want der binne gjin foarsjennings. Oft it in wenhûs wurdt, is noch net dúdlik.
De makeler hat in soad reaksjes hân. De gekste fragen kamen foarby, lykas: kin ik dêr in brêge bouwe, binne der faak oerstreamings en is it in wenark?

Besichtiging

Besichtiging wie net mooglik, sa stie te lêzen op Funda. Dat hie de makeler der sels delset om foar te kommen dat hiele kloften nijsgjirrige minsken troch it lân fan in boer rinne soene. De boer moast dêrfoar om tastimming frege wurde en de makeler foarseach problemen as der in soad flecht op 'e koai komme soe.
En it gie in kear mis, want in automobilist ried sûnder tastimming fan de boer oer syn hiem, sa it lân op om by it húske te kommen. Healweis koe er de auto swaaie en weromride. De boer woe it net lije. Beheind besichtigje mei tastimming fan de boer wie wol mooglik. De makeler hat der wol west te sjen mei in tal serieuze kandidaten.

Swimme of yn kano kanaal oer

Behalve brutaal makke de meidieiling 'besichtiging net mooglik' de minsken ek ynvintyf. Sa swom ien it kanaal oer om by it húske te kommen. Of se kamen oanriden mei in kano op it autodak en stutsen dêrnei mei de kano it kanaal oer. Der binne mei-inoar tachtich biedingen dien, wêrfan't 45 oant 50 serieuze.