Fuotbalwrâld skokt troch ophâlden Henk de Jong: "Een hard en heftig bericht"

Cambuurtrainer Henk de Jong © Orange Pictures
It nijs dat Henk de Jong ophâldt as trainer fan SC Cambuur komt foar in soad minsken as in skok. Freonen en kollega's út de fuotbalwrâld begripe it beslút lykwols mar al te goed. "Het is een zeer stressvol beroep."
By algemien direkteur Ard de Graaf kaam it nijs hurd binnen. "Want het is een collega van ons, een clubicoon. Hij moet nu noodgedwongen afscheid nemen van het vak dat hij zo liefheeft en waar wij hem ook zo om roemen. Dat is een hard en heftig bericht."
"Dit was zo moeilijk vol te houden", seit Gertjan Verbeek, âld-trainer fan ûnder oare sc Heerenveen en in goeie freon fan De Jong. "Met de symptomen die Henk heeft, moet je voorzichtig zijn. Kijk, Van Gaal heeft kanker, maar die kon bijvoorbeeld in een rolstoel nog wat doen. Maar dit van Henk is anders, hè."
Foarsitter Maarten van Tuinen fan supportersferiening Kern van Cambuur reagearret ferslein. "Het is gewoon vreselijk, met name voor Henk zelf. Dit wil je niet, absoluut niet. Heel sneu."
Algemien direkteur Ard de Graaf
By De Jong waard ferline jier in kyste fûn yn syn holle. Earst rekke er yn desimber 2021 koart út de rûlaasje en dêrnei yn maart op 'e nij. "De klachten die hij vorig jaar had, zijn in alle hoedanigheid weer terug", seit De Graaf. "Met die klachten kun je niet functioneren als hoofdtrainer van een eredivisieclub en die conclusie heeft hij zelf ook getrokken."
Zeg je Henk, zeg je Cambuur. En zeg je Cambuur, dan zeg je Henk.
Maarten van Tuinen, foarsitter fan Kern van Cambuur
Foar Van Tuinen is De Jong de ferpersoanliking fan Cambuur. "Zeg je Henk, zeg je Cambuur. En zeg je Cambuur, dan zeg je Henk". It docht him sear dat De Jong yn de takomst net mear de trainer fan syn klup is. "Zeker nu wij richting het nieuwe stadion gaan. We zagen het al helemaal voor ons: Henk wordt daar de trainer, Henk moet daar ook trainer zijn. Dat hele fantastische scenario zal nu niet het geval zijn. Zwaar klote."
Verbeek is sûnt foarich jier as trainer mei pensjoen. Hy en De Jong ha wykliks kontakt mei elkoar. Harren gesprekken gean net allinnich oer it trainersfak, mar ek oer it libben. "Hij vroeg me weleens waarom ik gestopt ben, en hoe het nu is. Ik ben niet degene die gaat zeggen wat hij moet doen. Maar je moet wel denken aan je gezin, aan de zaken naast het voetbal. Hij werd nu gedwongen een keuze te maken: doorgaan of niet? Hoe ver ga je daarin? Dat is niet makkelijk."
Foarsitter Maarten van Tuinen fan supportersferiening Kern van Cambuur
Dwight Lodeweges en De Jong wurken yn it ferline krekt wat mear as in jier mei-inoar by Cambuur. "Henk was net met Cambuur gepromoveerd en toen kwam ik. Er waren misschien wel wat vraagtekens bij mensen, maar het ging hartstikke vloeiend. Het werd een heel mooi seizoen en ik genoot er echt van."
Mei moai en goed fuotbal bleau Cambuur it earste seizoen yn de earedivyzje. "Niemand verwachtte wat van ons, met jongens als Lukoki en later Ogbeche. En Martijn van der Laan. Toen zijn we toch makkelijk in de eredivisie gebleven."
Nei in jier waard bekend dat Lodeweges nei Hearrenfean tagong. De Jong naam it oer by Cambuur. "Ik had altijd al zoiets van: Henk gaat straks hoofdtrainer worden. Dat was hartstikke logisch, hè. Hij kan geweldig met mensen omgaan. En speelde ook altijd aantrekkelijk voetbal. Hij was toen al een man met een mening. Met humor ook. En hij weet veel van het vak."
Hij gaf me zoveel ruimte en vrijheid. Ik groeide daar als speler enorm.
Mark Diemers oer syn perioade mei Henk de Jong by De Graafschap
Mark Diemers wurke as spiler twa kear mei De Jong gear. Earst als jonge spiler by Cambuur, doe't Henk Cambuur foar de earste kear kampioen makke. Diemers spile doe net folle, mar dat die hy letter wol as spiler fan De Graafschap, doe't De Jong dêr trainer waard. It wie foar Diemers syn moaiste perioade. "Hij gaf me zoveel ruimte en vrijheid. Ik groeide daar als speler enorm. De promotie toen tegen Almere City was echt zo mooi."
Earst en foaral baalt Diemers fan it nijs dat De Jong twongen ophâlde moat. "Ik heb hem net meteen een berichtje gestuurd. Ik vind het echt heftig. Henk is een geweldige vent. Ik had er eigenlijk geen rekening mee gehouden. Ik schrok er wel van, maar ik hoop vooral dat hij van het leven gaat genieten."
Mei it fuortgean fan Henk de Jong ferliest Cambuur in markante trainer
Diemers en De Jong sprutsen elkoar noch yn de simmer. Diemers gong nei FC Emmen, mar De Jong woe him graach nei Ljouwert helje. "Hij zei: ik maak je hier belangrijk, jongen, kom hier naartoe. Hij maakte het me echt moeilijk."
Martijn Barto makke De Jong mei as spiler by Harkemase Boys en by Cambuur. No is hy assistint-trainer by Cambuur. "Ja, heftig, ja. Dit hoop je niet. Het kwam toch wel als een verrassing. Het ging goed met hem." Barto wurke de lêste tiid hast alle dagen mei De Jong. "Het ging echt goed, tot deze week. Toen is het ook wel snel gegaan, moet ik zeggen."
Henk is gewoon onder ons en komt ook terug binnen de club. Althans die ambitie hebben we.
Ard de Graaf, algemien direkteur fan Cambuur
Cambuur moat no op syk nei in ferfanger foar De Jong. Barto, dy't hopet folgjend seizoen talitten te wurden foar de UEFA Pro-oplieding, kin it stokje no noch net oernimme, omdat hy de papieren noch net hat. "Maar ik ben nu eigenlijk vooral bezig met FC Twente (kommende snein de tsjinstanner fan Cambuur, red.). Ik hoop dat Henk betrokken blijft bij de club. Ook richting het nieuwe stadion. Ik kan zo verschillende functies bedenken waarin hij wel wat kan betekenen voor de club."
It ophâlden as haadtrainer fan Cambuur hoecht neffens De Graaf net te betsjutten dat De Jong hielendal neat mear foar de klup dwaan sil. "Henk is gewoon onder ons en komt ook terug binnen de club. Althans die ambitie hebben we. De club gaat door, Henk gaat door. Hij moet nu herstellen en komt dan in een andere rol mogelijk weer terug."

Stressfol berop

Ek neffens Verbeek sil De Jong net hielendal út it fuotbal ferdwine. "Ik denk dat hij nu wat kan doen op de achtergrond bij Cambuur. Je staat als trainer toch altijd onder druk, het is een zeer stressvol beroep. Je bent belangrijker dan de directeur of de aanvoerder. Een scoutingsrapport schrijven is wat anders dan elke dag voor de groep staan en in de media komen."
Lodeweges is no trainer by VVOG, mar hat yn prinsipe ôfskie naam fan it betelle fuotbal. Alteast, as haadtrainer, want hy giet op 1 jannewaris oan de slach yn de ried fan kommissarissen fan sc Hearrenfean. Goed in jier lyn hat Lodeweges derfoar keazen om mear thús te wêzen foar syn frou, neidat dy in ûngemak hân hat. "Ik ben toen ook gestopt om meer thuis te kunnen zijn. Het vak van trainer zijn, is gewoon erg stressvol. Maar om nou in advies te geven aan Henk, weet je, daar spreek ik hem zelf nog wel over."