Judoka Sanne Vermeer heal jier útskeakele troch knibbeloperaasje

Judoka Sanne Vermeer © Orange Pictures
Sanne Vermeer is in heal jier útskeakele. De judoka wurdt operearre oan har knibbel. Troch de operaasje mist Vermeer ûnder oare de Masters, mar se hâldt wol tiid oer om har te pleatsen foar de Spelen fan 2024 yn Parys.
Op it wrâldkampioenkip yn Oezbekistan waard Vermeer al yn de tredde ronde útskeakele. Dêrnei kaam se út foar it Nederlânske team. Yn de striid om brûns kaam Vermeer yn it beslissende duel yn aksje, mar moast se opjaan mei in knibbelblessuere.
Werom yn Nederlân hat út in mri-scan bliken dien, dat se operearre wurde moat oan de meniskus. Op de scan wie net goed te sjen hoe slim oft de krúsbân beskeadige is. As de krúsbân goed is, is Vermeer trije moannen útskeakele en oars wurdt dat minimaal in heal jier en wierskynlik noch langer.
Vermeer miste de Spelen yn 2021 al troch ûnder oare in ôfskuorde hamstring.