Katie Koss spilet yntym en dreamt grut: “North Sea Jazz zou de kers op de taart zijn”

Sjongeres Katie Koss fan It Hearrenfean klimt op de muzikale ljedder. Se docht mei oan de Popronde, siet yn it foarprogramma fan Blaudzun en presintearre koartlyn har nije EP Changing my mind oan de bûtenwrâld.
It is foar har efkes in rêstmomint, it petear yn de studio fan Noardewyn. Katie Koss (26), echte namme Katja Poltavets, hat nammentlik in nochal turbulinte wike efter de rêch. Tongersdei sette se in fideo online wêryn't se emosjoneel fertelde oer in stellerij.

Auto leechrôve

Dy jûn rint se nei har auto yn in parkeargaraazje yn Grins. Se wol checke oft alle apparatuer ynladen wie foar in optreden. Ta har skrik sjocht se dat der hielendal neat yn de auto leit. Alles is stellen. Har elektryske gitaar, mikrofoans, in fersterker, it pedaleboerd.
"Hoe haalt iemand het in zijn hoofd om aan je spullen te komen?", seit se, noch altyd mei it stoom út 'e earen. "Ik heb er vijf jaar over gedaan om die spullen bij elkaar te verzamelen. En met die gitaar speelde ik bijvoorbeeld mijn eerste optreden. Die krijg ik niet meer terug. Het voelt als een soort derde arm die weg is. Bovendien is het een heel naar idee dat een vreemde in je auto is geweest."

Crowdfundingsaksje

Nei it dielen fan it filmke begûn se in crowdfundingsaksje. Op dy wize hat se genôch jild byinoar krigen om har nije ferskes te spyljen.
Dy fiif nûmers komme byinoar op Changing my mind. In yntime en brekbere EP dêr't se harsels en de harker prikeljende fragen op doart foar te lizzen.
Ik voel dat er nu een stevig fundament onder me ligt.
Katie Koss oer har muzikantwêzen
Katie Koss, fan Hearrenfean ferhuze nei Grins, wie sawat in heal jier dwaande mei it meitsjen fan de EP. "De dag waarop hij uitkwam kreeg ik allemaal appjes met felicitaties", seit se. "Maar voor mij voelt het inmiddels al niet meer zo speciaal. Het euforische ligt al achter me. Dat was toen ik ermee bezig was. Daarna is het wachten tot het moment dat de EP officieel wordt uitgebracht."
Mei har nije muzyk set se in flinke stap op it muzikale paad. Wêr't dat har bringe sil, wit se noch net. "Maar ik voel nu wel dat er een stevig fundament onder me ligt. Eerst was ik nog wat een ongeleid projectiel. Nu weet ik beter waar ik naartoe wil, hoe ik dat ga doen, en welke mensen ik daarvoor nodig heb."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1 op 1 petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Katie Koss studearre kommunikaasje yn Grins. Dêrnei gie se oan it wurk, mar naam ûntslach om as muzikant har jild te fertsjinjen. Dochs fynt se it dreech om dit as har baan te sjen. "Bij dat woord maak ik de associatie dat je daar naartoe moet om geld te verdienen. Terwijl muziek maken voor mij ook iets is wat ik vrijwillig zou doen. Eigenlijk een klassiek geval 'van je hobby je werk maken'."

Girl you did good

De singer-songwriter makket graach nûmers yn in indiepop-jaske oer har eigen libben. Ien dêrfan is Girl you did good. Se fertelt dat it giet oer in jonge dy't se tige yndrukwekkend fûn, mar by wa't se hieltyd op 'e teannen rinne moast.
"Op die manier hoopte ik zijn goedkeuring te krijgen. Ik veranderde mezelf en paste me aan. In het nummer heb ik een opsomming van opmerkingen verwerkt die ik destijds van hem had willen horen. Dat het oké was. En vooral: 'je hebt het goed gedaan'", fertelt se. "In die afwachtende rol wil ik niet meer gaan zitten. En inmiddels kan ik het ook tegen mezelf zeggen."
It oersetten fan gedachtes nei in tekst en melody fynt se lang net altyd maklik. In proses dat dreech te bedimjen falt. "Soms komt het naar je toe, en de andere keer moet je er veel moeite voor doen."
Ik zie een liedje als een soort legobouwwerk.
Katie Koss oer it meitsjen fan nûmers
"De demo's die daaruit komen, fungeren als schets. Het vertrekpunt. Vervolgens worden de arrangementen bedacht. Wat heeft het liedje nodig? Daarbij is het belangrijk dat je de kern blijft bewaken. Het verhaal en de stem moeten centraal blijven staan", seit se. "Van daaruit schuif je de stukjes in elkaar. Ik zie een liedje daarom als een soort legobouwwerk."
De muzikante is bliid dat se nei de coronamaatregels wer skitterje kin op it poadium. Se siet nei eigen sizzen behoarlik yn har bubbel en wie sels benaud dat se it optreden net leuk mear fine soe. Mar gelokkich: de leafde foar it poadium bliek noch sterk oanwêzich.

Gjin feestjebouwer

Op dit stuit is se ûnderdiel fan de Popronde, in reizgjend festival troch Nederlân. Op dy wize hopet se los te brekken út har omjouwing. Ek al past de Popronde net hielendal by har styl, jout se oan.
"Dat is toch wat meer voor borrelpubliek. Ik weet dat dat daar nu eenmaal bij hoort, maar het sluit niet goed aan bij mijn manier van optreden. Mijn shows zijn wel dik, maar ik ben niet per se een entertainer of een feestjebouwer. Bij mij gaat het vooral om het vertellen van mijn verhaal."

North Sea Jazz

Katie Koss hopet hieltyd mear mei har band reizgje te kinnen. It leafste rjochting festivals dy't mear op 'e doelgroep rjochte binne. "Welke dat zou kunnen zijn? Voor mij zou North Sea Jazz echt de kers op de taart zijn. Ja, daar zou ik goed passen."

De top 5 fan Katie Koss

Artiest Nummer
Katie Koss Adeline
Katie Koss Girl you did good
Katie Koss Love will do the work
Leon Bridges Motorbike 5
KT Tunstall Black horse & the cherry tree