It lêste keunstke fan reedrydcoach Jillert Anema: "Ik mis bepaalde dingen thús"

Jillert Anema © ANP
Mei de nije reedrydwinter op komst jout suksescoach Jillert Anema fan Bontebok oan dat er in stapke werom dwaan sil. "Dat is absolút de yntinsje."
Mei Henk Hospes en Daan Breeuwsma hat Team Albert Heijn Zaanlander twa nije assistint-coaches binnenhelle. Hospes komt oer fan Gewest Fryslân en Breeuwsma hat ôfrûne winter syn aktive shorttrack-karriêre beëinige en wol no syn trainerspapieren helje.
Mei de komst fan beide hearen kin Jillert Anema wat mear nei de eftergrûn stappe. "Ik bin no 67 en fiel my topfit", seit Anema, "Mar ik mis bepaalde dingen thús. Dêr wol ik ek noch in part fan myn libben oan besteegje."
Jillert Anema oer syn stapke werom
"Alle oeren dy't je der ekstra yn stekke, wurdt der hurder riden. Dat kinst statistysk neisjen en dat jout in foarm fan fanatisme. Do wolst net leauwe hoefolle oeren dêryn sitten geane. En dat moat eins troch de jonges oernommen wurde. As je al it wurk mei syn fjouweren ferdiele kinne, dat stean ik aansten sûnder twivel minder faak lâns de baan."
Yn Team Albert Heijn Zaanlander sitte de Friezen Marijke Groenewoud, Marwin Talsma, Tjerk de Boer, Ids Bouma en Gert Wierda. Fierder bestiet it team út Sjoerd den Hertog, Jordy Harink, Daan Gelling en Ian Quinn. Trijefâldich olympysk kampioene Irene Schouten is de kopfrou. Melissa Wijfje, Maaike Verweij, Elisa Dul en Arianna Pruisscher meitsje it team folslein.
Mei de beide haadcoaches Anema en Arjan Samplonius en de assistinten Henk Hospes en Daan Breeuwsma falt op dat der in soad Friezen yn de begelieding fan team Albert Heijn Zaanlander sitte. Neffens Hospes is dat net sa frjemd. "Dat heart dochs sa, wy binne ommers de bêste reedrydprovinsje fan Nederlân", laket er.
Henk Hospes oer it nije reedrydseizoen
Hospes hat jierrenlang as haadtrainer wurke by Gewest Fryslân en is no foar it earst assistint. Dat moat wenne, mar dizze rol past him wol, seit er. "It wurk as haadtrainer nimt mei allerhande beslommeringen in soad tiid. Dat smyt my gjin enerzjy op. Doe tocht ik, as ik hjirmei trochgean, dan wurd ik in ferfelende keardel."
"Ik wol genietsje fan it libben en fan de sport. Dat haw ik no krigen doe't Jillert my belle. Ik sil my foaral dwaande hâlde mei de thúsbliuwers as der ynternasjonale wedstriden binne."
Jillert Anema: "Henk wol net mear in hiel team drage, mar wol wol lâns de baan stean. Hy is by ús gewoan in super-sub."
It reedrydseizoen begjint oer in goeie wike. Op freed 28, sneon 29 en snein 30 oktober is yn Thialf it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai. Dêr kinne de reedriders harren pleatse foar de wrâldbekerwedstriden. Omrop Fryslân sjocht yn in rige artikelen foarút op it seizoen. Folgjende wike komme Team Reggeborgh en Team FrySk oan bar.
Daan Breeuwsma siet sechstjin jier yn de nasjonale ploech fan it shorttrack en hat twa kear meidien oan de Olympyske Spelen. Ofrûne winter hie er syn ôfskie oankundige en hy hat altiten de yntinsje hân om yn de sport wurkjen te bliuwen.
Breeuwsma: "Dan tinkst yn earste ynstânsje dochs oan shorttrack, want dêr leit myn hert. Mar dêr wienen gjin opsjes en miskien is it ek wol better om der even hielendal út te wêzen."
Daan Breeuwsma oer syn nije funksje
"Ik krij hjir de kâns om myn diploma's te heljen en dan is it de bedoeling om aansten ien fan de trainers te wurden."
Anema leaut dat Breeuwsma in wichtige tafoeging oan it team wêze kin: "Daan kin mei syn ideeën út it shorttrack wei echt wat taheakje oan ús team. Dan giet it net iens sa bot om de bochtetechnyk, want dêryn hearre wy al ta de wrâldtop. It giet mear om details, bygelyks it materiaal. Dêryn hoopje wy dat er ús team in boost jaan kin."