DINGtiid: "RUG moat jild efterút lizze en hie earder heechlearaar sykje moatten"

Foarsitter Jan Koster fan DINGtiid © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
In fulltime heechlearaar Frysk hie better west. Mar no't der yn dieltiid earst in universitêr dosint foar yn it plak komt soe it jild dat oerbliuwt wol yn de Frisistyk stutsen wurde moatte, fynt advysorgaan DINGtiid.
Om't de Ryksuniversiteit Grins der net yn slagge is in nije heechlearaar Frysk te finen as opfolger fan Goffe Jensma, is earst taalkundige Anne Merkuur oansteld as universitêr dosint. Op termyn kin sy heechlearaar wurde, sa is it idee.
Mar dochs is net elts gerêst op de takomst fan de stúdzje Frysk. Sa ek DINGtiid, dat frege en net-frege advys jout oan oerheden oer de Fryske taal. It is acht jier lyn ynsteld om de wetlike taken op it mêd fan it Frysk te kontrolearjen.
DINGtiid hat in bysûndere posysje, om't Anne Merkuur bestjoerslid is, mar it orgaan tagelyk kritysk is op de gong fan saken. Foar foarsitter Jan Koster is it dûbeld: "De beneaming fan Anne Merkuur fyn ik geweldich, want sy is in talint en sy hat it hert op it goede plak sitten foar it Frysk. Mar sy is noch net professorabel."
Anne Merkuur © Omrop Fryslân
Sy hat noch wat mear tiid nedich om ûnderfining en statuer op te dwaan, seit Koster. "Dus ik bin wiis mei de beneaming, mar oan de oare kant hawwe wy gjin heechlearaar op dit stuit."

Wat bart der mei it budzjet?

Mar as dit de oplossing is, fynt Koster wol dat der goed sjoen wurde moat nei it budzjet dat de universiteit yn de stúdzjerjochting stekt. "Anne Merkuur hat in kontrakt by de universiteit fan 0.4 fte, dus twa dagen yn 'e wike. Mar der wie in fulltime heechlearaar."
Dêr bliuwt dus jild oer, konkludearret Koster. "Ik wol graach dat dit jild goed bestege wurdt, yn elts gefal foar de Fryske saak. En dat it reservearre bliuwt foar in nije heechlearaar op termyn."
Goffe Jensma joech al oan dat der subsydzje beskikber is foar it Frysk, ek meibetelle troch de provinsje Fryslân, dêr't no op besparre wurdt. "Wa is hjir de spekkeaper?", frege Jensma him ôf.

Gearwurking

Merkuur wurket ek noch twa dagen yn 'e wike foar de Fryske Akademy as taalkundich ûndersiker. It foardiel fan de dieltiidsfunksje by de RUG is dat it goed wêze kin foar de gearwurking tusken de Fryske Akademy en de universiteit, skat Koster yn.
It gebou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Oft it echt sa dreech west hat in geskikte kandidaat te finen, wit Koster net goed. Hy doart dan ek net te sizzen oft de RUG benefter bleaun is. "Ik kin it net hurd meitsje, want ik haw der net by sitten."

'RUG hie earder yn aksje komme moatten'

DINGtiid fynt wol dat de universiteit te ferwiten falt dat der earder op ynspile wurde kinnen hie. "It is al jierren bekend is dat Goffe Jensma mei pensjoen giet. En je witte dat de fiver dêr't je út fiskje net sa grut is. Dus wat hie der no makliker west om twa jier lyn al oan de gong te gean mei it sykjen fan in geskikte opfolger."
Ik haw it idee dat it net in hege prioriteit hie by de universiteit.
Foarsitter Jan Koster fan DINGtiid
Op in brief fan DINGtiid oan de RUG is nea reaksje kaam. Teloarstellend, fynt Koster. It idee dat by him hingjen bliuwt is dan ek: "Ik haw it idee dat it net in hege prioriteit hie by de universiteit."

Oerheden ek ferantwurdlik

Mar as advysorgaan foar de oerheden is DINGtiid ek kritysk op de provinsje en it Ryk. "De provinsje en it ministearje fan Ynlânske Saken hawwe hjir ek in wichtige rol yn. Sy bepale finansjeel mei wat der op de universiteiten bart, dus ek by de posysje fan it Frysk."

Ferwettering foarkomme

Wat dat oanbelanget dielt Koster de soargen fan Goffe Jensma oer it fakgebiet. "Ik haw wol soargen oer dat it hiel stadich wat ferwetterje kin. Dat moatte wy foarkomme mei syn allen."
It Hamonie-kompleks fan de RUG, fan de fakulteit Letteren © Omrop Fryslân
Uteinlik moat de Frisistyk as it wittenskiplike part fan de Fryske taal en kultuer in goed plak krije binnen de universiteit, seit Koster. "Wy sille der fan DINGtiid boppe-op sitte om der foar te soargjen dat it Frysk syn eigen selsstannige status hâldt binnen de fakulteit."