In idee út Grinslân, mar troch de eagen fan Friezen: de Fryske Scheurkalender

De Fryske Scheurkalender © Omrop Fryslân
Sa'n 1.500 Friezen stjoerden in foto yn, mar der binne mar 320 dy't in plak krigen hawwe yn de Fryske Scheurkalender foar 2023. De tredde edysje fan de kalinder waard yn Drachten presintearre.
Gek genôch is de Fryske Scheurkalender in inisjatyf fan in Grinslanner, Hent Hamming. Yn 2015 brocht hy foar it earst de Groninger Scheurkalender út. Mei in spesifyk idee, seit Hamming: "Als je de mensen het zelf vraagt, staan we er een stuk minder beroerd voor dan dat je anderen over je laat schrijven."

De provinsje troch de eagen fan Friezen

As Hamming yn de media lies oer syn eigen provinsje, kaam altyd in negatyf byld nei foaren. "Arm, krap, klein, aardbevingen, ellende. Maar er gebeuren ook mooie dingen. Als je het mij zo vragen zou ik iets heel anders zeggen."
Fryske Skuorkalinder 2023
Sa kaam it plan om syn Grinslân sjen te litten. "Met een beetje zelfspot. Maar dat idee is overgewaaid naar de provincies eromheen."

Fan Bakkefean oant Hollum

Sa ek nei Fryslân, dêrt yn 2020 de earste kalinder út kaam. Yn de nije edysje steane ûnder oare de bosk by de Slotpleats yn Bakkefean en it drûchfallen Waad by Hollum.
"We stellen mensen de vraag wat hen beweegt, emotioneert of raakt. Daar maken mensen een foto van, die ze kunnen insturen", seit Hamming. Dat mei dus fan alles wêze.
"Dan is het een jaar lang wachten tot we gaan presenteren, om te horen of de jury hem ook selecteert voor de kalender." Dy presintaasje wie woansdei yn it Slûsfabryk yn Drachten. "Gemeente Smallingerland vindt het leuk dat we dit jaar de kalender hier presenteren."

Fryske kalinder net yn it Frysk

Hoewol't it de 'Fryske' Scheurkalender hjit, is de tekst op de kalinder net yn it Frysk skreaun. Mar dêr mei gerêst feroaring yn komme, seit Hamming. "We zijn één groot experiment, dus alle suggesties zijn welkom. Ik hoop dat de boel een beetje positief ontspoort. Iedereen die mee wil doen, mag meedoen."
Wa't yn de Fryske Skuorkalinder fan 2024 komme wol, kin noch oant healwei augustus in foto ynstjoere.