Jensma: "Beneaming Merkuur foar Frysk oan de RUG is snútslach foar it Frysk"

Goffe Jensma © Omrop Fryslân
De beneaming fan Anne Merkuur as universitêr dosint foar de stúdzje Frysk oan de universiteit fan Grins is net neffens de regels en in snútslach foar it Frysk. Dat seit âld-heechlearaar Fryske taal en kultuer Goffe Jensma. Hy sprekt fan konkurrinsjeferfalsking.
De universiteit wie offisjeel op syk nei in nije heechlearaar as opfolger fan Jensma. Neffens dekaan Thony Visser fan de lettere-fakulteit smiet de sollisitaasjeproseduere gjin beneambere nije professor op. De universiteit wol no yn it gat dat ûntstie troch pensjoen fan Jensma foarsjen troch Anne Merkuur te beneamen as universitêr dosint.
Merkuur wurdt beskôge as in jong wittenskiplik talint en soe op termyn de nije professor Frysk wurde kinne, sa seit de universiteit. Mar Jensma tinkt dat soks noch wol acht oant tsien jier duorje kin. Neffens him hie der bêst in heechlearaar te finen west, as de universiteit goed socht hie.
Der is neat mis mei Anne Merkuur, want se is in grut talint, seit Jensma. "Mar in foltiidsheechlearaar wurdt no ferfongen troch in universitêr dosint foar twa dagen yn de wike. Dat is in tebekgong en de proseduere doocht ek net."
Ik haw belle mei minsken yn it fjild en we koene sa acht oant tsien gaadlike kandidaten opneame, al wol ik fansels gjin nammen neame.
Goffe Jensma
Neffens Jensma binne der folle mear universitêre haaddosinten dy't hjir ek wol gading oan meitsje kinnen hiene. Sy hawwe net sollisitearre omdat der in heechlearaar frege waard. Dizze situaasje jout in grut gefoel fan ûngelikens.
En boppedat, de universiteit hat neffens Jensma net goed socht nei geskikte heechlearen. "Dy binne der wol. Ik haw belle mei minsken yn it fjild en we koene sa acht oant tsien gaadlike kandidaten opneame, al wol ik fansels gjin nammen neame."

Besparring?

"It liket derop dat se dit mei opsetsin dien hawwe. Der is in royale subsydzje beskikber foar de oplieding Frysk. Troch dizze beneaming wurdt dêr no op besparre, want in foltiids heechlearaar wurdt ferfongen troch in universitêr dosint foar twa dagen yn de wike. Wa is hjir de spekkeaper?", freget Jensma him ôf.
Sa't Jensma it begrypt hat de provinsje Fryslân soarchplicht foar it Frysk en betellet dêr ek foar oan de universiteit. "It liket derop dat de universiteit Grins de provinsje ôfsnuteret en de provinsje lit him dat gewurde."
It universitêre Frysk komt hjirtroch hieltyd mear yn de knipe, seit Jensma. "Der is gjin selsstannige stúdzje Fryske taal en kultuer mear. De oplieding wurdt hieltyd breder. Hy is opgien yn meartaligens en minderheidstalen. No giet it ek al fan foltiids nei twa dagen yn de wike en wurdt in heechlearaar ferfongen troch in universitêr dosint."
Anne Merkuur © De Fryske Marren
Anne Merkuur leaut wol dat der gjin gaadlike heechlearaar te finen wie. "Yn de Frisistyk is der in generaasje dy't tige produktyf is en dy't no mei pensjoen giet."
Dêrnei komt der, sa't sy it seit "in grut gat. En dan myn generaasje mei in soad talintfolle ûndersikers fan wa't de Fryske Akademy no ek in pear oanlutsen hat."
"Wy moatte twa kear sa hurd wurkje, omdat der in grut gat is. Wy moatte sjen dat al dy kennis fan de minsken dy't aansen mei pensjoen gean, trochjûn wurdt oan ússels en oan de generaasje dy't nei ús komt. Sadat we net wer yn in situaasje komme dat der gjin beneambere heechlearaar is."
Yn de akademyske wrâld moatte jo tsjintwurdich in tûzenpoat wêze.
Anne Merkuur
Merkuur kriget de kâns om op termyn heechlearaar te wurden. Se is dat no noch net, want "as heechlearaar moatst oan easken foldwaan. Trochgeand foldogge minsken dêr op harren 33ste net oan."
"Yn de akademyske wrâld moatte jo tsjintwurdich in tûzenpoat wêze. Njonken publikaasjes útbringe moat der ek ekstern ûndersyksjild ynhelle wurde. Logyskerwize binne jo dan ek wat âlder as jo heechlearaar wurde", seit se.
De universiteit hat útsprutsen dat de learstoel yn de takomst wol wer beset wurdt troch in heechlearaar. Dy wurdt dan dus ek wer frijjûn.
Merkuur: "Dan stiet it elkenien frij om dêr gading oan te meitsjen. Dat hoech ik net allinnich te wêzen. As it oer in pear jier goed giet mei it fjild, binne der mear geskikte kandidaten."