Fries Museum yn Ljouwert hat skilderij Mondriaan oankocht

Jantje Tjeerds Wiegersma en Egbert Roels Kuipers © Fries Museum
It Fries Museum hat in skilderij fan Mondriaan oankocht. It giet om in wurk út de betide perioade fan de skilder, út 1901, noch foar't er mei syn abstrakte, kleurrike styl begûn.
Op it skilderij is in portret te sjen fan it Fryske echtpear Egbert Roels Kuipers en Jantje Tjeerds Wiegersma. It wurk hat as titel 'Herenigd door Mondriaan'. Dat slacht op it feit dat de man fan it pear by it skilderjen al jierren dea wie. Mondriaan makke gebrûk fan in foto fan de man.
It skilderij is fan sneon oant en mei juny takom jier te sjen yn Ljouwert.
Fries Museum keapet Mondriaan oan