Anne Merkuur wurdt universitêr dosint en op termyn nije heechlearaar Frysk

Anne Merkuur by har promoasje, in jier lyn © Anne Merkuur
It is Rijksuniversiteit Groningen net slagge om in nije heechlearaar Frysk te finen om Goffe Jensma op te folgjen. Taalkundige dr. Anne Merkuur fan Aldehaske moat it gat no opfolje as universitêr dosint. Sy krijt ek de kâns om op termyn heechlearaar te wurden.
Neffens dekaan Thony Visser fan de fakulteit letteren smiet de sollisitaasjeproseduere gjin beneambere nije professor op. De universiteit wol no yn it gat dat ûntstie troch pensjoen fan Jensma foarsjen troch Anne Merkuur te beneamen as universitêr dosint.

Wittenskiplik talint

Merkuur wurdt beskôge as in jong wittenskiplik talint en soe op termyn de nije professor Frysk wurde kinne. Merkuur sil har nije funksje oan de RUG kombinearje mei har oanstelling by de Fryske Akademy.
"Ik bin hiel bliid mei dizze oplossing", seit dekaan Thony Visser. "Sa jouwe wy op in takomstbestindige wize ynfolling oan ús ferantwurdlikens foar it bestudearjen fan de Fryske taal en kultuer."
It Akademygebou fan Rijksuniversiteit Groningen © Shutterstock.com (Sander van der Werf)
De ôfrûne tiid waard yn Fryslân wolris twivele oan de ynset fan Rijksuniversiteit Groningen foar it Frysk. Goffe Jensma wie sels net gerêst op de takomst fan de stúdzje.
Troch't de oplieding breder wurden is en dosinten út allerhanne lannen wei komme, driget it plak fan it Frysk tebek te rinnen, sa fynt Jensma. Hy joech oan te finen dat de universiteit te min romte, tiid en ynspanning leveret foar de stúdzje Frysk.
Visser begrypt dêr neat fan. "Wy wolle op in goeie manier soarchdrage foar it Frysk en op termyn ek wer graach in heechlearaar Frysk beneame."
Dekaan professor Thony Visser fan de fakulteit Letteren
De beneaming fan Merkuur giet yn op 1 desimber. Om't it profyl fan Merkuur noch net hielendal oanslút op de funksjekritearia foar heechlearaar, sil sy de gelegenheid krije mear ûnderfining op te dwaan.

Deputearre kin der mei libje

Deputearre Sietske Poepjes wie earder kritysk oer de gong fan saken om de opfolging fan Goffe Jensma hinne. De provinsje woe ek graach meiprate oer it profyl fan de nije heechlearaar. Professor Visser reagearre doe op dat fersyk mei de wurden 'it kin net', mei in berop op de wittenskiplike frijheid.
Anne Merkuur universitêr dosint en op termyn nije heechlearaar Frysk
Poepjes lit witte dat se wol libje kin mei de oplossing dy't no betocht is: "Mei dizze oanstelling kinne wy fierder wurkje oan de kennis en it ûndersyk yn ús taal. Foar de provinsje is it wichtich dat dit bydraacht oan it beskermjen en befoarderjen fan ús taal."

Merkuur moat mear studinten lûke

Yn Grins is de stúdzje Frysk ûnderdiel fan de bredere stúdzje 'Minorities and Multilingualism'. De stúdzje lûkt elts jier yn trochsneed 14 studinten.
Anne Merkuur yn 2019 © GroenLinks De Fryske Marren
Dekaan Visser fynt dat te min. Sy hopet dat Merkuur yn gearwurking mei har kollega's plannen meitsje kin om mear studinten te lûken. Fierder is it de bedoeling om de masterstúdzje Frysk fierder út te bouwen. Merkuur krijt dêr in wichtige rol yn.