It grypprikken set útein, Frjentsjerters yn Westerpoort wiene de earsten

© Omroep Zilt, Lennard Geerts
Fersoargingshûs Westerpoort yn Frjentsjer is as ien fan de earste ynstellingen yn Fryslân úteinset mei de grypprik fan dit jier. De bewenners krije ek fuortendaalks in coronabooster as sy dat wolle.
"We hebben ze net binnen gekregen", fertelt Yvanka Faber fan soarchgroep Noorderbreedte. "Er heeft op deze locatie corona geheerst, dus we hadden zoiets van: we willen niet te lang wachten. Om te voorkommen dat er nog meer ziekte onder de bewoners en het personeel komt."
Net allinne de 43 bewenners krigen in faksinaasje tsjin de gryp, mar ek de meiwurkers. "We hebben het personeel nu aardig rond, maar zodra er iemand uitvalt door ziekte of corona wordt het soms wel lastig", jout Faber oan.
Wa't dat woe, koe dus ek fuortendaalks in prik tsjin it coronafirus krije. It is net nedich dat der tiid tusken de faksinaasjes sit.