"Bedriuwen sjogge te min nei sosjale wurkfoarsjenningen by personielskrapte"

Direkteur Alex Bonnema fan Caparis © Omrop Fryslân
Sosjale wurkfoarsjenningen kinne folle mear minsken oan it gewoane bedriuwslibben leverje as no bart. Dat seit direkteur Alex Bonnema fan sosjaal wurkbedriuw Caparis.
Neffens him kinne no al tsientallen minsken trochstreame nei oare bedriuwen. Dizze minsken soene wol wat begelieding hawwe moatte, mar dy kin neffens de direkteur ek levere wurde.
Wurknimmers by Caparis © Omrop Fryslân
Der is in grutte personielskrapte op dit stuit en dochs wurdt der net mear gebrûk makke fan de minsken dy't wurkje yn sosjale wurkfoarsjenningen.
Neffens Bonnema komt dat omdat de Partisipaasjewet yn 2015 der foar soarge hat dat minsken ferplichte nei it bedriuwslibben moasten. Dat barde net en dus foelen sy bûten de boat en rekken sy út byld.

"Te folle tebekhâldendens"

Der is neffens Bonnema ek te folle tebekhâldendens by wurkjouwers. Mei in stikje stipe kin it hiel goed wurkje en der is ek in fangnet foar it gefal it in kear net slagget.
Bonnema ferwachtet wol dat der in feroaring komt yn dizze tiid fan personielskrapte. De minsken dy't by Caparis wurkje, wolle it hiel graach. Sy wolle meidwaan, seit Bonnema.
Direkteur Alex Bonnema fan Caparis
Hy hopet dan ek dat bedriuwen like entûsjast wurde. "Wy en ek oare sosjale wurkbedriuwen as Empatec stean te traapjen om ús stientsje by te dragen yn de arbeidsmerkkrapte. Ik soe sizze, de hannen yninoar en oan de bak."