Sint Anne wol it útsetten fan in asylsikershúshâlding foarkomme

Ynwenners fan Sint Anne wolle foarkomme dat in húshâlding út Sri Lanka ferhúzje moat en útset wurdt. Heit, mem en trije bern wenje al 4,5 jier yn it azc yn it doarp, mar tongersdei moatte se nei de opfang yn Burgum.
Yn Burgum wolle se de asylproseduere op 'e nij opstarte. En as dat net slagget, moatte se werom nei Sri Lanka, mar dat lân is net feilich foar de famylje. Se binne dêr bedrige en de situaasje is neat feroare. It smyt in soad stress en fertriet op.
Wereldwinkelfrijwilligers
Tineke de Jong fan Wereldwinkel Het Bildt ken twa jonges fan de húshâlding, Sandav fan 19 en Thisev fan 17 jier, as warbere, yntegrearre frijwilligers.
De Jong komt op foar de famylje en sy is net de iennichste. "Wy krije in soad reaksjes, want der is net ien dy't snapt wêrom't se út Sint Anne nei Burgum moatte. Sy moatte dêr in nij prosedueretrajekt yn, mar dat kin hjir dochs ek. It is in skrinend gefal."
Sint Anne wol it útsetten fan in asylsikershúshâlding foarkomme
"Het gezin met de jongens dreigt geen toekomst te hebben", seit dosint fuortset ûnderwiis Heleen Zoethout, dy't de beide bruorren yn de klasse hân hat.
Zoethout: "Ze zijn al vier jaar lang in Nederland en het ziet er naar uit dat ze teruggestuurd worden naar een land waar ze niet veilig zijn. En dat terwijl ze zo hard hun best gedaan hebben om hier te integreren, te werken en de taal te leren. Dat vinden wij gewoon onfatsoenlijk."
Burokrasy en proseduere
Doe't se hjir yn 2018 kamen, bedarren se yn in mûne fan burokrasy en proseduereflaters. Omdat in tolk de ferkearde wurden keazen hat, krige de heit in stimpel efter syn namme, wat it dreech makke om hjir in status te krijen.
Yn Burgum is de famylje foarearst noch minder frij en hat ek minder útsicht op in frij en feilich libben.
Sandav Liyanage soe yn Nederlân selsstannich in takomst opbouwe kinne, mar dat wol er net. "We zijn hier gekomen om samen te blijven. Als mijn familie niet veilig is, blijf ik bij ze."

Hy hat neist syn frijwilligerswurk by de Wereldwinkel ek in baantsje by de supermerk yn Sint Anne. Hy docht in oplieding bedriuwsadministraasje oan ROC Friese Poort yn Ljouwert. "Ik zit in het tweede jaar, maar het is heel moeilijk om met dit soort dingen een opleiding af te maken. Ik heb er stress van, net als mijn hele familie."
Dat fernimt De Jong ek. "Sy komme wol by my thús, de mem en de heit ek. We hawwe it der dan oer en it wurdt hieltyd slimmer. Se wurde der siik fan. Hege bloeddruk en de heit is astmatysk, wylst hy operearre wurde moat oan nierstiennen. It is allegear stress. Wy wolle dat se gewoan in hûs en de status krije, dat is hiel wichtich."