Pieter Bos: "As der wat mis giet, dan knapt myn aorta en blied ik dea"

© Omrop Fryslân
Pieter Bos kaam net fierder as seis wedstriden foar Cambuur. Yn de SportCast fertelt Bos op rêstige, mar ymponearjende wize oer syn hertkwaal en hoe't hy te hearren krige dat syn karriêre oer wie.
Sneontejûn naam de keeper fan Cambuur op yndrukwekkende wize ôfskied fan it publyk. Bos hat slimme hertproblemen en moast syn karriêre abrupt beëinigje.
Op de dei dat hy nei it sikehûs moast foar fierder ûndersyk, hat hy noch traind mei keeperstrainer Peter van der Vlag. "Nei in healoere sei Peter: ga lekker naar binnen en bereid je voor op het gesprek in het ziekenhuis."
Bos protestearre dêr tsjin. "Ik woe noch wol wat dwaan. We hawwe noch sa'n 20 minuten traind en doe bin ik mei de fysioterapeut nei it it sikehûs gien". Bos gie der fanút dat in operaasje der foar soargje soe dat hy wer fierder keepe koe.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.
Yn it sikehûs die bliken dat de wierheid folle wreder wie. Doe't Bos yn de keamer by de dokter siet, fielde hy de bui eins al wat hingjen. "Ik merkte oan de sfear dat it net goed wie. Ik seach oan de kardiolooch dat hy wat dwaan moast wat hy net leuk fûn."
"Ik tocht: operearje en dan kin ik wer fuotbalje."
Pieter Bos
Dy ynskatting fan de Cambuur keeper kloppe. "De kardiolooch sei: ik fal mei de doar yn hûs. Do moatst dyn karriêre beëinigje. Ik wie folslein yn shock. Ik tocht: operearje en dan kin ik wer fuotbalje."
Foar Pieter Bos is lichaamlike ynspanning hiel beheind. "Ik sit no op in punt dat ik neat dwaan mei. Mar ik bin krekt omke wurden. Sa'n bern optille, dat wol ik wol dwaan. Oars bliuwt der hielendal neat mear oer."