Frijwilligers romje mei aksje Skjin Wetter 842 kilometer oan wâlskanten op

Skjin Wetter op De Jouwer © Ymkje Ypma
Mei de aksje Skjin Wetter is yn totaal goed 800 kilometer oan wâlskanten opromme. Dat is it resultaat fan in wike lang swalkôffal opromje.
Fan 8 oktober oant en mei 15 oktober ha likernôch 2.000 frijwilligers troch hiel Fryslân hinne meidien oan de aksje Skjin Wetter. It doel wie om sa folle mooglik ôffal út it wetter wei te heljen. Ek de wâlskanten binne skjinmakke.
Yn gemeente Waadhoeke © Astrid Koops
Sân gemeenten dienen mei oan de skjinmakaksje. Dat wienen de gemeenten Dantumadiel, De Fryske Marren, Harlingen, Noardeast-Fryslân, Hearrenfean, Smellingerlân en Waadhoeke. De aksje is in inisjatyf fan dizze gemeenten, Wetterskip Fryslân en de Friese Milieu Federatie.
De organisaasje seit wiis te wêzen mei it tal dielnimmers en it oantal opromme kilometers.
"De afgelopen zes jaar zijn er steeds meer vrijwilligers en locaties aangehaakt bij Skjin Wetter. Van 50 vrijwilligers in één gemeente in 2017, naar 2.000 mensen in 7 gemeenten nu", seit Lemke Statema, projektlieder fan Skjin Wetter.