Pridefoto's op It Hearrenfean bekladde: "Te triest voor woorden"

Bekladde pridefoto's op It Hearrenfean © GrootHeerenveen
Op It Hearrenfean binne foto's oer seksuele diversiteit bekladde. De bylden fan de pride-útstalling Celebrate the Unseen, bûtendoar by it gemeentehûs, binne mei spuitbussen oerspuite en mei pamfletten oerplakt.
De reizgjende útstalling docht oant jannewaris takom jier alle provinsjes oan. Op It Hearrenfean stean de fotobuorden sûnt freed opsteld op it Gemeenteplein. De bekladding waard moandeitemoarn ûntdutsen doe't de stiching Regenboogbelang Heerenveen (RBH) in melding en in foto trochstjoerd krige. Evert Haagsma fan de stichting is skrokken. "Te triest voor woorden."
De bekladders karre it blykber net goed dat der njonken heteroseksualiteit ek noch oare foarmen fan seksualiteit bestean. Ferskriklik dat dit anno 2022 noch bart, seit Haagsma. Der is in soad ûnbegryp en dat docht him sear. Tagelyk jout dit oan dat der noch genôch te dwaan falt foar organisaasjes lykas syn Regenboogbelang.

Transman

De reizgjende fotoútstalling bestiet út priiswinnende foto's. Se binne moai makke, sa seit Haagma. Benammen de foto's fan it proses fan de oergong fan in frou nei in man ropt argewaasje op. Der is ferve op spuite en de foto's binne diels oerplakt mei pamfletten mei de tekst 'Het klopt niet'. Op in spandoek by de foto's stiet 'Niet voor onze kinderen'.
Oft it om in ienmansaksje giet, kin Haagsma net sizze. De eksposysje hat earder ek al yn oare plakken yn Nederlân stien. Yn Assen binne de fotobuorden ek bekladde en dêr wurdt tocht oan in lytse ortodokse aksjegroep as de dieders.

Oanjefte

De stichting Regenboogbelang Hearrenfean hat melding fan de bekladding dien by antydiskriminaasjesintrum Tûmba. Oanjefte by de plysje is oan de gemeente en oan de organisaasje fan de fotoútstalling. Regenboogbelang kin dat sels net dwaan omdat it om foto's yn de iepenbiere romte giet.
De fotobuorden op It Hearrenfean wurde wer skjinmakke. De eksposysje op it Gemeenteplein is noch in moanne lang te sjen