Groep tsjerkegongers wol sluting fan Fonteintsjerke Dokkum keare

De Fonteintsjerke yn Dokkum © RTV NOF, Ben de Jager
In oantal tsjerkegongers wol de sluting fan it tsjerkegebou De Fontein yn Dokkum hoe dan ek foarkomme. In moanne lyn waard bekend makke dat De Fontein op 1 jannewaris 2023 de doarren slute moat.
De gemeenteleden dy't no yn aksje komme binne it hjir hielendal net mei iens. De tsjerkeried fan PKN-gemeente Dokkum-Ealsum-Wetsens besleat koartlyn definityf oer de sluting fan de tsjerke.
De fêste besikers kinne dan allinnich noch terjochte by De Herberg en de Grutte Tsjerke. De leden dy't it beslút no opkeare wolle, ha ein septimber in pro forma-beswier yntsjinne by it Classicaal College. By dizze ynstânsje hat de behanneling fan beswieren en skelen plak.
Se ha ek in brief oan de foarsitter fan it kolleezje stjoerd. Dêryn dogge se it fersyk om it beslút út te stellen of foarearst in oare oplossing te sykjen, oant in beslút nommen is oer it beswier. De tsjerkeried wachtet de reaksje fan it Classicaal College ôf.
Tsjerkegebou De Fontein waard begjin jierren santich iepene yn de Dokkumer wyk Súdeast. Koartlyn waard it 50-jierrich bestean noch fierd.