Nei 40 jier fertochten pakt foar moard op Fryske IKON-sjoernalist Koos Koster

Yn El Salvador binne nei 40 jier twa fertochten oppakt foar de moard op fjouwer Nederlânske IKON-sjoernalisten yn 1982. Ien fan har wie Koos Koster, dy't yn Sint-Anne opgroeide.
Foar it kristlik gymnasium yn Ljouwert dêr't Koster hinne gie, leit in poëzytegel mei in gedicht fan Koos Hagen dy't by Koster yn de klasse siet. It gedicht giet ûnder oare oer de moard op Koster.

De fertochten binne neffens telefyzjeprogramma Zembla âld-minister fan Definsje Guillermo Garcia en kolonel Francisco Antonio Morán, âld-direkteur fan in spesjale plysjetsjinst. De âld-minister wenne oant 2016 yn de Feriene Steaten. Hy waard it lân útset fanwegen belutsenheid by minskerjochten yn El Salvador.
De twa fertochten wurde moandei foarlaat by de rjochter yn de stêd Chalatenango en Nederlân hat om har útlevering frege, sa befêstiget de broer fan de fermoarde Jan Kuiper oan de NOS. Hy en oare neibesteanden krigen it nijs fan har advokaten te hearren. Zembla meldt dat ôffurdigen fan it Nederlânske Iepenbier Ministearje nei El Salvador ûnderweis binne om mei de fertochten te praten.
De sjoernalisten Koos Koster, Jan Kuiper, Joop Willemsen en Hans ter Laag wienen yn 1982 yn El Salvador foar de publike omrop IKON. Se makken in reportaazje oer de gewelddiedige boargeroarloch en woenen in portret meitsje fan in famylje yn de stêd en in famylje yn it guerrillagebiet. Op 17 maart 1982 gienen se nei de rebellen. Doe't se oankamen, rûnen se yn in hinderlaach fan it leger en waarden se deasketten.
Troch in ûndersykskommisje fan de VN yn 1993 waard kolonel Reyes Mena oanwiisd as "verantwoordelijk voor het plannen van de hinderlaag en de moord". Yn 2018 ûntduts Zembla dat Reyes Mena al goed 30 jier yn de Feriene Steaten wenne. El Salvador freget Amearika om útleverjen fan Reyes Mena.