Festival Explore the North groeit ta nei produksjehûs

De Stadskas op it Hofplein © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Festival Explore the North is freed wer losgien yn Ljouwert. It festival, mei literêre optredens, muzyk en teäter, wurdt hieltyd mear in produksjehûs mei as thúsbasis de Westertsjerke.
Mark Hospers, direkteur fan Explore the North, is optein dat se nei trije jier wer écht in festival hawwe. Foarich jier stiene se yn de startblokken, mar seis dagen yn it foar waard dúdlik dat it net trochgean koe fanwege oanskerpe coronamaatregels.
"Dat was best een klap, we waren er helemaal klaar voor. Maar daar willen we een streep onder zetten, dit jaar is het weer als vanouds."
Op ferskate plakken yn de binnenstêd fan Ljouwert is it hiele wykein fan alles te rêden. In grutte kas op it Hofplein, de Stadskas, is it festivalhert.

Soad dien yn coronajierren

Explore the North hat yn de coronaperioade bepaald net stilsitten. Se binne hieltyd mear in produksjehûs dêr't keunstners oan ferbûn binne en dy't it hiele jier drok dwaande binne.
We laten nieuwe vormen zien waarin je taal en literatuur op een mooie manier op het podium brengt.
Mark Hospers, direkteur fan Explore the North
"In de Westerkerk hebben verschillende kunstenaars werk ontwikkeld. We hebben het afgelopen jaar al meer dan 12.500 bezoekers gehad, zowel binnen als buiten de provincie", fertelt Hospers.
"We krijgen als festival steeds meer een signatuur die ook landelijk gezien wordt en onderscheidend is. Het betreft een combinatie van literatuur en podiumkunsten. We laten nieuwe vormen zien waarin je taal en literatuur op een mooie manier op het podium brengt."

Augmented Reality

Literatuer is de belangrykste pylder fan it festival, mar der is ek muzyk en teäter. "We brengen ook rare dingen in ons programma, bezoekers verwachten dat ook zodat ze kunnen gaan 'exploren'."
In opfallend ûnderdiel fan it festivalprogramma is Augmented Reality fan keunstner Chantalla Pleiter. Achter de Stadskas stiet har caravan mei dêrfoar ferskate campingtaffeltsjes. Op dy taffeltsjes steane allegearre planten dy't fan orizjine yn ús lân foarkomme: lânseigen planten.
Besikers kinne mei in tablet in koade ynscanne en dan komt de plant ta libben en begjint te praten. "We leren deze plant kennen als individu met een eigen stem en eigen identiteit en verhaal", fertelt Pleiter.
"We hebben een muzikant en geluidskunstenaar gevraagd om voor iedere plant een eigen geluidsveld te maken. Zo ontstaat er een symfonie van biodiversiteit."
Pleiter hopet dat minsken de planten op 'e nij kennen leare of miskien yn de tún plantsje wolle.