Sûnt útbraak fûgelgryp mear as miljoen fûgels ôfmakke yn Fryslân
De eksakte lokaasjes fan de bedriuwen binne op boppesteande kaart net werjûn.
Nei't yn oktober 2020 de fûgelgryp útbruts yn Nederlân, is it firus sechstjin kear op in Frysk bedriuw fêststeld. Dêrby binne mear as in miljoen fûgels ôfmakke, foar it grutste part fleispiken.
It Ryk stelde op 22 oktober 2020 in ophokplicht foar kommersjele plomfeebedriuwen yn. Oanlieding wie dat by twa deade knobbelswannen yn de provinsje Utrecht fûgelgryp fêststeld waard.
Nettsjinsteande dy ophokplicht is sûnt dy tiid op tsientallen bedriuwen yn Nederlân ek de fûgelgryp fêststeld, wêrnei't faak tsien- oant hûnderttûzenen fûgels ôfmakke waarden.
No yn Abbegea
Woansdei wie it yn Abbegea op 'e nij raak. By in lishinnebedriuw yn it doarp is de fûgelgryp fêststeld. Dêrom wurde de 57.000 bisten ôfmakke.