Eigener wol besykje transportwein fan transformator Tytsjerk te bergjen

De transformator sakke folslein wei yn de grûn © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Transporteur Wagenborg sil takom wike besykje it transporttastel dat begjin septimber mei in 250 ton swiere transformator troch de dyk sakke by Tytsjerk, te bergjen. Sûnt it ynsidint lizze sawol de transformator as it transporttastel yn de greide.
As it slagget om it tastel fuort te heljen, sil TenneT oan de slach mei de skansearre dyk troch it lân. "Dan zorgen we ervoor dat de omwonenden er weer netjes langs kunnen, in plaats van over rijplaten te moeten rijden die nu dwars door het weiland liggen", jout Maarten Scholten fan TenneT oan.
De wein dêr't de transformator op ferfierd waard, is in saneamde Self Propelled Modular Transporter, koartsein in SPMT. Dêrmei kinne ferskate modules oan elkoar keppele wurde. Fan elke module kinne de assen elektroanysk betsjinne wurde. Op dy wize reagearret sa'n SPMT as ien systeem. Hy wurdt betsjinne troch ien persoan dy't dat docht mei in ôfstânsbetsjinning.
In SPMT kin om syn eigen as hinne draaie, skean nei foar of as in krabbe heaksk op de rydrjochting.
It is noch net dúdlik wat der mei de transformator sels barre moat. Neffens Scholten moat der earst wachte wurde op de útkomst fan ferskate ûndersiken, bygelyks nei de steat fan de transformator en de boaiem op it plak fan it ûngelok.

250 ton swiere transformator

De fraach oft de transformator noch wurket, spilet dêrby in grutte rol. It kin samar sa wêze dat de transformator foar reparaasje werombrocht wurde moat nei it fabryk en dat soe betsjutte dat it 250 ton swiere apparaat fia it Prinses Margriet Kanaal ôffierd wurde moat. Uteinlik moat de transformator op it heechspanningsstasjon Louwsmar yn gebrûk naam wurde.
Foar in úteinlike bergingsoperaasje makket it in ferskil hokker kant de transformator hinne moat, al hâldt Scholten in slach om de earm. "Dat maakt allemaal onderdeel uit van het onderzoek dat nu loopt."